Hy dielt mei dat it kolleezje yn har utstel al hiel fier gien is mei it bekikber stellen fan in kredyt en dat wat him oanbelanget op dit punt gjin fierdere kompromissen mear mooglik binne en dat er syn portefulje fan wethalder ta beskikking stelle sil as de moasje oannommen wurdt. De moasje wurdt oannommen mei 9 stimmen foar en 6 tsjin. Foar de moasje binne Ketellapper, Lageweg, Keizer, Ekas, Elgersma, A. Dijkstra, F. Dijkstra, Haites en Stienstra. Tsjin de moasje stimme Dijkman, Admiraal, Roosma, Oppenoorth en de beide wethalders Klaassens en Vos. Demei underbrekt de foarsitter de gearkomste oant tongersdei 3 febrewaris o.s. (1159 m.) Ferfolch gearkomste fan 27 jannewaris. De understeande punten wurde behannele op tongersdei 3 febrewaris 2000. De foarsitter dielt mei dat wethalder Klaassens ofwezich is. 3. Oankeap stripe grun oan'e Truerderdvk 2000/2 - 1159m Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Ekas, Stienstra, Admiraal en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 4. It beslochtsjen fan de hieroerienkomst stripe grun oan'e Truerderdyk 2000/3 - 1258 m Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Haites, de hear Ekas en de foarsitter.,, Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 5. Ferkeap stikie grun efter de apteek yn Stiens 2000/4 - 1306m Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Stienstra, Roosma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 6. Ferkeap stripe grun vn Koarnium 2000/5 - 1345 m Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Keizer, Stienstra en de foarsitter. It utstel wurdt weromnaam en sil op'e nij yn'e kommisje en de rie fan febrewaris oan'e oarder komme. 7. Ferkeap stripe grun oan'e Boskrane vn Stiens 2000/6 - 1434m Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen F. Dijkstra en Roosma en de foarsitter. It utstel wurdt weromnommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 5