Wy binne dan ek fan miening dat us gemeente dan wolris in utbrander krije kin fan de Provinsje.
Derom freegje wy it kolleezje mei klam om strategysk tinken te gean en yn oerliz mei GS te kommen
ta in realistyske utfiering fan it 120 wenten tellende bouwprogramma.
DE SKALM
In oar punt wat wy hjir oan'e oarder stelle wolle is de Stichting „De Skalm
It docht bliken dat dit in net mear te behearskjen lichem is.
Nettsjinsteande de grutte jierlikse ferhegingen fan it budzjet, wurdt de gemeente demei elts jier
konfrontearre mei tekoarten fan faaks mear dan in ton.
Dizze tekoarten komme dan foar rekken fan de gemeente en dy sil dat op de boargers ferhelje moatte.
De totale kosten fan wurk en gebou binne no al oprun ta mear as 1,1 miljoen, dat is mear as 110 gune
de ynwenner.
Foar in gemeente mei in omfang sa as Ljouwerteradiel kin soks fansels net en dat kin elts woltinkend
minske wol begripe.
Der sil dus wat barre moatte en derom komt de FNP dan ek mei in utstel om op koarte termyn de
horekapoat te privatisearjen, wat al gau sa'n 100.000,-- gune besparje sil.
Demeist wolle wy foar in selde bedrach in taakstelling op lizze. Dit leit yn it ferlingde fan in by de
behanneling fan de begrutting fan dit jier oannommen moasje. Meiinoar 200.000,--.
Fierder sil folsleine utfiering jun wurde moatte oan dyselde moasje om de pjutteboartersplakken yn it
fersoargingshus „Skilhiem" te subsidiearjen ut it foar dit doel opnommen totaalbudzjet by Stichting
„de Skalm".
Omdat de pjutteboartersplakken yn Skilhiem folle suniger omspringe mei it jild dan by de Skalm plak
fyntmen is de helte goedkeaper, kin de subsydzje earst beheind blieuwe ta 7.000,-- de groep.
De wethalder fan wolwezen, de hear Vos, hat yn de kommisje alle war dien om it heechweardige
wurk fan de Stifling Pjutteboartersplak „niet gehinderd door enige kennis van zaken" under de
seadden te wurkjen.
It biedwurd fan him wie dat hy foar kwaliteit kieze woe en derom keas foar stichting „De Skalm
Ek de FNP kiest foar kwaliteit en dy is by de Stifling Pjutteboartersplak foldwaande oanwezich.
Demeist kiest de FNP ek hjir foar lykberjochtiging wat it Frysk oangiet.
Wol men oan us oprop net foldwaan, dan sil de FNP dit punt oankaarte by de „EU-
fisytaasjekommisje Dankert" oangeande de utfiering fan de ferdragen mei Nederlan oer dit
underwerp.
By de behanneling fan de budzjetutstellen foar it sosjaal-kulturiel wurk sil de FNP op dit punt neier
yngean.
SPORT
Oan de hjirfoar oanhelle moasje sil by de sport ek utfiering jun wurde moatte.
Yn dy moasje waaard utsprutsen om in taakstelling op te lizzen en sa ta in strukturiele besparring te
kommen fan 100.000,— yngeande it jier 2001
GEMEENTLIKE ORGANISAASJE
De nije en troch de ried feststelde opset fan de gemeentlike organisaasje sil ynkoarten ynfold wurde
moatte.
De FNP is fan betinken dat foaral ek de amtners rjocht hawwe te witten wer sy oan ta binne.
At jo sa no en dan troch it gemeentehus geane kin jo merkbite dat de sfear net oeral is sa as dy weze
moat. Tusken de rigels troch kinne jo dat ek leze yn de leste nijsbrief fan de undemimmings ried.
Ek hawwe wy noed oer de grutte utstream fan personiel ut it gemeentehus.
Benammen om't mei it each op de krappe arbeidsmerk min oan deskundich personiel te kommen is.
Wy fine dan ek dat hjir in grutte ferantwurdlikheid leit by it kolleezje wat it personielsbelied oangiet
en fersykje har de nedige maatregels te mmmen dy liede ta in better wurkklimaat en minder utstream.