De fraksjes fan PvdA (4 stimmen), WD (1 stim) en FNP (2 stimmen) stimme tsjin dit underdiel. De fraksjes fan GBL (5 stimmen) en CDA (3 stimmen) stimme foar dit underdiel. Underdiel 4 en 5: De fraksjes fan WD (1 stim) en FNP (2 stimmen) stimme tsjin dit underdiel. De fraksjes fan GBL (5 stimmen), CDA (3 stimmen) en PvdA (4 stimmen) binne foar dit underdiel. Underdiel 6: De fraksjes fan PvdA (4 stimmen), FNP (2 stimmen) en WD (1 stim) binne tsjin dit underdiel. De fraksjes fan GBL (5 stimmen) en CDA (3 stimmen) binne foar dit underdiel. Underdiel 7 Alle fraksjes stimme foar dit underdiel. 8. 1787 m-2000/87 Gearwurking iepenbier basisunderwiis yn G4 ferban. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Stienstra, Klaassens en wethalder Keizer. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Dernei underbrekt de foarsitter de gearkomste oant moandei 6 novimber o.s. om 19.30 oere. Ban I: 0000 m. De foarsitter iepenet de gearkomste wer en jout ut namme fan it kolleezje yn 'e earste termyn in antwurd oan 'e han fan in trijetal tema's. It kolleezje hat op grun fan de skogings dy't holden binne in wiziging oanbrocht yn har utstellen, nammentlik: De ynkomsten OZB te ferleegjen mei in bedrach fan 150.000,--; Nei oanlieding derfan kin de hichte fan de tariven OZB yn 'e riedsgearkomste fan desimber yn de oardering leger feststeld wurde sadat de berekkene lestedruk fan 16,7% ferlege wurdt nei 13,7%; In ynspanningsferplichting fan150.000,- om yn 'e mande mei de rie der ynfolling oan te jaan. It niisneamde hat ta gefolch dat de mearjierreruzing foar 2001 in ferleging sjen lit. De oare jierren sil dit in ferheging opsmite. Der wurdt utsteld om foar de simmerfakansje 2001 yn riedsferban de finansjele konsekwinsjes te bepraten op grun fan in oanset fan it kolleezje. Dernei jout de foarsitter de rie de mooglikheid om yn 'e twadde termyn te reagearjen. Der wurdt gebruk fan makke troch de hearen Lageweg (bannr. 0410 m.), Elgersma (0453), Klaassens (0597), mefrou Haites (0933), de hearen A. Dijkstra (1124) en F. Dijkstra (1300) en mefrou Dijkman (1407). Dernei wurdt de gearkomste underbrutsen. By it twadde beanderjen fan it kolleezje wurdt it wurd fierd troch wethalder Keizer (1425), wethalder Vos (1481) en de foarsitter (1527).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 6