4. Ferkeap grim oan it NUON foar it bouwen fan in transformatorstasjon oan de Iestdyk by Feinsum. 2000/91 - 0565 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it kolleezje-utstel. 5. Preemje wenteferbettering foar in wente yn Jelsum en ien yn Koarnjum. 2000/92 - 0575 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it utstel fan boargemaster en wethalders. 6. Ferbetterjen tagongspartij de Skalm. 2000/93 - 590 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Oppenoorth, Haites en Dijkman, de hearen Dijkstra, Elgersma, Admiraal, Lageweg, wethalder Vos en de foarsitter. It utstel dat yn stimming brocht wurdt is yn dy sin troch it kolleezje feroare, dat de ynvestearring net foar rekken brocht wurdt fan de stelpost unfoarsjoen, mar fan it Sosjaal Funs fan de "Wet Voorziening Gehandicapten" (WVG). It utstel wurdt oannommen mei 8 stimmen foar en 5 stimmen tsiin. De fraksjes fan GBL, CDA en WD binne foar, de ffaksjes fan PvdA en FNP tsjin. De arguminten fan de PvdA om tsjin te stimmen binne u.o.: ad hoe-belied y.p.f. it besjen fan maatregels yn in breder ramt, presedintwurking, gjin underbouwing fan it momint om mei it utstel te kommen, finansjele konsekwinsjes net oer te sjen. De FNP kin net ynstimme mei it fmansieren ut it Sosjaal Funs WVG. 7. Kreftstroomoansluting Aktiviteitesmtrum De Skalm yn Stiens. 2000/94 - 1465 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannommen. 8. Begruttingswizigings 2000/95 - 1468 m. De begruttingswizigings wurde feststeld lykas foaxsteld wurdt mei de oantekening dat PvdA en FNP net ynstimme kinne mei de begruttingswiziging oangeande it ferbetterjen fan de tagongspartij fan de Skalm. Sluting (1471 m) Sa feststeld troch de ried niisneamd yn syn iepenbiere gearkomsti de siktaris, Kingma) de foarsitter, Chr. Vroegindeweij)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 5