4. It wizigjen fan it feststellen fan de beboude kommen. 2001/2 - 227 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 5. It meitsjen fan de brege by Bartlehiem. 2001/3 - 244 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it utstel fan boargemaster en wethalders. 6. Feststellen fan de Algemiene Pleatslike Oardering 2001/4 - 252 m. Yn it beslut sil "Politie Verordening" feroare wurde yn "Plaatselijke Verordening". Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel besletten. 7. Prosesbeslut kest 164 fan de Gemeentewet. 2001/5 - 275 m. In moasje fan de FNP om wol in delegaasjebeslut te nimmen, mar dan under beskate betingsten hellet it net. Mei it utstel fan it kolleezje wurdt ynstimd. 8. Bydrageregeling ynfandeljen aid papier. 2001/6 - 312 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 9. It revisearjen fan in paternosterkast. 2001/7 - 324 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 10. Feststellen fan it bestimmingsplan Butengebiet. 2001/8 - 330 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites, Dijkman en de hearen Ekas, Bijlsma, Roosma, Admiraal, Lageweg en de foarsitter. De hear Bijlsma stelt ut om dit punt werom te nimmen en op 'e nij yn kommisjeferban te behanneljen (undudlikheid sone Bredyk). Allinnich de PvdA stipet dat utstel fan de FNP dat fersmiten wurdt mei 9 tsjin 6 stimmen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 5