5. 0251m-2001/19 Kredyt utfiering RI&E troch de ARBO-Unie Friesland Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it kolleezje-utstel besletten. 6. 0260 m - 2001/20 Oardering klachten WlW/beslut ID-banen. Mefrou Dijkman leit in stimferklearring of. It utstel wurdt mei 1 stim tsjin (WD) en 14 stimmen foar (GBL, PvdA, CDA en FNP) oannommen. 7. 0287m - 2001/21 Oanskaf Data fideoprojektor Der wurdt it wurd oer fierd troch de hear Bijlsma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 8. 0446 m-2001/22 It ferfangen fan de GBA-applikaasje Boargersaken. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites, Dijkman, de hearen Admiraal, Dijkstra, Ekas en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 9. 0808m - 2001/23 Begruttingswizigings Sunder diskusje en haadlike stimming wurde de begruttingswizigings feststeld. 10.A 0812m Inisjatyfutstel fan GBL oangeande it beheinen fan it ludsnivo op it plattelan. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hear Lageweg en de foarsitter. 10.B 1006m Moasje fan it CDA oangeande it ta stiltegebiet ferklearjen fan it plattelan yn de juns- en nachtoeren. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Haites. Dernei wurdt it wurd fierd troch mefrou Dijkman en de hearen Roosma en Bijlsma. Nei in underbrekking fan de gearkomste (1320m) wurdt it wurd noch fierd troch de hear Lageweg. Der is in nije moasje opsteld - is taheakke- dy't troch alle fraksjes stipe wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 5