3
10.
Beskikber stellen kredyt ferbouplannen Oan't Skipperspypke yn Koarnjum
2001/33 - 1472 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch frou Dijkman en de hearen Dijkstra, Stienstra,
Klaassens, Ketellapper en wethalder Keizer.
Sunder haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannommen.
11. Iepenbier grien: priisbeleid en delegaasje
2001/34 - 1980 m.
In amendemint fan GBL oangeande differinsjaasje fan prizen foar Stiens oan 'e iene
en foar de butendoarpen oan 'e oare kant en in feste ferkeappriis sunder ferheging yn
neikommende jierren wurdt troch de oare fraksjes fersmiten.
It utstel fan it kolleezje wurdt dernei oannommen mei 10 stimmen foar en 4 stimmen
tsjin.
Foar it utstel binne de fraksjes fan CD A, PvdA en FNP.
Tsjin it utstel binne de fraksjes fan GBL (minus de wethalder) en de WD.
12. Begruttingswizigings
2001/35 - Ban II 108 m.
De begruttingswizigings sille yn 'e folgiende gearkomste oan 'e oarder komme.
Sluten (220 m).
Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan
(mw W.Chr. Vroegindeweij)