GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 31 maaie 2001. Oanwezich: de froulju F. Haites, D. Dijkman, J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, B.H. Klaassens, F. Dijkstra, D. Bijlsma, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B. Lageweg, J. Stienstra, S. Roosma en A. Elgersma en de wethalders J. Keizer en C. Vos. Foarsitter: Mefrou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J J. Kingma Ban II - 0122 m. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 26e april 2001. De brief fan Smits oangeande aide tennisbanen Stiens sil yn kommisje II behannele wurde. Der binne fierder gjin opmerkings oer de ferslachlizzing. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 2001/36 -268 m. De brief fan de Friese Milieu Federatie oangeande it liberaliseaqen fan enerzjybedriuwen sil yn kommisje III oan 'e oarder steld wurde Nei oanlieding fan jiersifers fan Hus en Hiem seit wethalder Keizer ta dat it wolstansbelied fan Ljouwerteradiel yn kommisje II op it aljemint komme sil. Nei oanlieding fan de brief fan boubedriuwen Kolthof en Bokma oangeande partisipaasje yn de untwikkeling fan De Helling hat de FNP in inisjatyfutstel makke oer beliedsregels foar it oanbesteegjen fan wurken oan tredden. De hear Bijlsma ljochtet de needsaak ta foar it daliks yn behanneling nimmen fan dat utstel. De FNP wurdt deryn allinnich stipe troch de PvdA. It foarstel fan it kolleezje om it FNP-utstel yn behanneling te nimmen yn kommisje III wurdt demei oannommen. De FNP en PvdA stimme tsjin, de WD jout gjin utslutsel. 3. Ferfanging en oanpassing fan it ark 2001/37 - 700 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. -1-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 4