It amendemint wurdt fersmiten mei 6 stimmen foar (fraksjes fan PvdA en FNP) en 9 stimmen tsjin (fraksjes fan GBL, CDA en WD). Demei wurdt it kolleezje-utstel yn stimming brocht. Dat wurdt oannommen mei 9 stimmen foar (fraksjes fan GBL, CDA en WD) en 6 stimmen tsjin (fraksjes fan PvdA en FNP). 10. KCA-ynsammeling 2001/44 - 1745 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites, Dijkman en de hearen Dijkstra, Admiraal, Elgersma en de foarsitter. Der sil noch neigien wurde wat it werklik noadige kredyt weze moat. Oer de wurkwize fan de opheltsjinst sil yn kommisje I noch neiere ynformaasje jun wurde. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannaam. 11Ferfanging wurkkeet ut1990. 2001/45 - 2140 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Roosma, Stienstra en wethalder Keizer. Sunder haadlike stimming wurdt it kolleezje-utstel oannommen. 12. Maitydsbystelling begrutting 2001. 2001/46 - Ban I 0000 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Dijkman, Haites en de hearen Ekas, Bijlsma, Admiraal en de foarsitter. Yn kommisje III sil ynformaasje jun wurde oer it oantal beswierskriften OZB dat yntsjinne is en it karakter derfan. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannommen. 13. Ferfangen cv-tsjettels sporthal de Iehal 2001/47 - 420 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Bijlsma, Stienstra, Ekas, Admiraal, wethalder Keizer en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt it kolleezje-utstel oannommen. -3-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 6