Wethalder Vos sil lykwols yn kommisje I noch weromkomme op begrutting GGD 2002. De hear Dijkstra freget nei twa brieven dy't under B. neamd wurde, te witten dy fan Berie foar it Frysk en dy fan Wettersportferiening De Klompskippers. It konseptantwurd fan it kolleezje op de lestneamde brief sil oan de riedsleden kenber makke wurde. Ferkeap paad Dekemastate 2001/61 - 335 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it kolleezje-utstel besletten. Oankeap grun fanwegen utwreiding bedriuweterrein Middelsee 2001/62 - 340 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Feststellen rampeplan Ljouwerteradiel 2001/63 - 350 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt it kolleezje-utstel oannommen. Fernijen flaggemest en foarsjennings St. Vitustsjerke fan Stiens 2001/64 - 360 m. Sunder diskusje en haadlike stimming giet de rie akkoart mei utstel fan it kolleezje. Njoggende korreksje en tsiende wiziging utkearings- en pinsjoensoardering fan wethalders. 2001/65 - 370 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Lisplakoardering gemeente Ljouwerteradiel. 2001/66 - 380 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Dijkstra, Klaassens, Roosma, Stienstra, Bijlsma, Ekas, mefrou Dijkman en de foarsitter. De hear Dijkstra stelt ut om it punt no net te behanneljen fanwegen de problematyk yn Britsum en de "twapettepolityk" fan de gemeente by it feststellen fan in lisplakoardering. Ek de hear Klaassens is benijd werom't it punt no op 'e aginda stiet. Nei tekst en utlis fan de foarsitter wurdt it utstel fan oarder fan de FNP om de saak no net yn behanneling te nimmen yn stimming brocht. Fan de oare partijen kriget de FNP gjin stipe sadat de lisplakoardering daliks oan 'e oarder steld wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 10