Nei in wiidweidige diskusje wurdt oer it utstel fan it kolleezje stimd en wurdt it oannommen mei 12 stimmen foar (ffaksjes GBL, PvdA, WD, CD A) en 2 stimmen tsjin (fraksje FNP). Troch de hear Dijkstra wurdt in stimferklearring oflein. 10. Oanpassing leezjesoardering m.y.f. 1 oktober 2001 2001/67 - 945 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Ekas, Dijkstra, Stienstra en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannommen. 11. Jierferslach en jierrekken oer 2000 van St. De Skalm 2001/68 - 1085 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Dijkman en Oppenoorth en de hearen Bijlsma, Stienstra en Elgersma en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming giet de rie unanym akkoart mei it utstel fan it kolleezje. Wethalder Vos seit ta om op it ofboeken fan 100.000,-- op de rinnende rekken yn kommisjeferban werom te kommen. 12. Subsydzjebelied muzykferienings. 2001/69 - 1562 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch Bijlsma, Elgersma, Dijkman, Oppenoorth, Stienstra, Admiraal, wethalder Vos en de foarsitter. Uteinlik kinne alle riedsleden harren fine yn it utstel fan it kolleezje dat sunder haadlike stimming oannommen wurdt. Yn kommisje I sil noch in petear plakfine oer de hichte fan subsydzjes oan sjong-, dans- en toanielferienings. 13. Beskikber stellen fan in kredyt foar fergoeding skea 2001/70 - 2033 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen Roosma, Dijkstra, Ketellapper, Stienstra en wethalder Keizer. Sunder haadlike stimming wurdt it utstel fan it kolleezje oannommen. 14. Ynfoljen kredyt ynternasjonale gearwurking. 2001/71 - 2195 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Ekas, Stienstra, Admiraal en de foarsitter. De rie giet akkoart mei it utstel fan it kolleezje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 11