GEMEENTE 3 LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 septimber 2001. Oanwezich: de froulju D. Dijkman en J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, B.H. Klaassens, F. Dijkstra, D. Bijlsma, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B. Lageweg, J. Stienstra, S. Roosma en A. Elgersma en de wethalders J. Keizer en C. Vos. Mei kundskip ofwezich: mefrou F. Haites Foarsitter: Mefrou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 m. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 5e july 2001. Bijlsma hammeret nochris op it op 'e tiid tastjoeren fan ferslaggen fan kommisjes sadat dy op 'e jun dat de riedsfraksjes harren gearkomste hawwe oanwezich binne. De foarsitter j out oan dat dy yntinsje der ek wol deeglik is mar dat derfoar net altiten in garansje fait te jaan. Admiraal trunet oan om de tasizzings dy't yn de riedsgearkomste dien wurde sa gau mooglik nei te kommen en hy doelt derby benammen op de beswierskriften WOZ. De foarsitte giet der yn't koart op yn. Yn kommisje III sil dizze kwestje ynkoarten behannele wurde. Demei wurdt it ferslach under tanksizzing feststeld. 2. Undersyk betrouwensbrief fan mefr. G. Visser 2001/59 - 225 m. Foar it undersyk fan de betrouwensbrief wurdt in kommisje beneamd dy't bestiet ut mefrou Dijkman en de hearen Stienstra, Admiraal, Dijkstra en Lageweg. Nei in koarte underbrekking fan de gearkomste wurdt ut namme fan de undersykskommisje troch de hear Lageweg oanjun dat der gjin beletsels binne om mefrou Visser ta te litten as lid fan de gemeenterie. Yn de riedsgearkomste fan oktober o.s. sil hja beedige wurde. 3. Ynkommen stikken en meidielings. 2001/60 - 246 m. De stikken under A kinne foar kundskip oannommen wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 9