Ljouwerteradiel Skogings fan de FN P 2001 Achte Kolleezje fan Boargemaster en Wethalders, leden fan de Ried, oanwezigen en harkersfan Radio Middelsee. Foarsitter, It jier 2001 hat foar de FNP, mar sunt 11 septimber I.I. ek foar oaren in jier west dat wy net licht ferjitte sille. Us fraksjelid Arjen Dykstra is net langer mear under us. Jierrenlang hat hy't gesicht fan de FNP bepaald. Dat wat bart yn us gemeente is betreklik ferlike by itjinge der oan 'e oare kant fan de wrald plak fun hat en ek noch elke dei plak fynt. Us wrald dy't sa feilich like te wezen is kwetsberder as wy ea tocht hiene. Krekt yn sa'n Gnwisse tiid is der ferlet fan in betroubere en slachfeardige oerheid, ek op gemeentlik nivo. En krekt wat dat leste oangiet meitsje wy us as FNP-fraksje yn us gemeente grutte soargen. Dizze skogings binne it momint om it bestjoer fan us gemeente tsjin it Ijocht te halden. Bestjoerlike gong fan saken. Foarsitter, us gemeente hat de twiveleftige ear, troch de grutte belestingferheging, yn 2001 ien fan de djoerste gemeenten fan Fryslan te wezen. De boarger mei foar dy hegere priis dan ek rekkenje op mear kwaliteit en in bettere tsjinstferliening fan it gemeentebestjoer. Krekt it tsjinoerstelde liket yn us gemeente de wurklikheid te wurden, minder kwaliteit foar mear jild. Wy wolle oan de han fan in pear foarbylden der neier op yngean. Yn desimber 2000 hat de boarger tsjuge weze kinnen fan de beslutfoarming oer de priisstelling fan de ferkeap fan oerhoeken grun. De FNP die in punt fan oarder om it utstel net te behanneljen omdat it net goed taret wie. It uteinlike utstel fan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethalders waard, ja hoe is it mooglik, mei help fan dyselde wethalders fersmiten. As FNP hawwe wy us nei oanlieding fan dit foarfal offrege hoe't de Kolleezjeleden mei inoar oerlizze. Rillegau kaam de lisplakken-oardering op it aljemint, ek dizze kear koene de riedsleden meardere kearen de tosken sette yn dit betiizjende utstel. Benammen de sitewaasje "jachthaven Britsum" wie yn dit stik fan saken foar de FNP wichtich. De gemeente mei twa petten op, sy is tagelyk partij en hanthavener, dat is freegjen om swierrichheden. Ek wat de kommunikaasje mei de Ried oangiet binne wy net tefreden. De wize fan hanneljen oer de opset fan plan "de Helling" yn it Aldlan fan Stiens is der in sprekkend foarbyld fan. Fansels is de utwurking fan plan "de Helling" in saak fan it 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 14