Kolleezje fan B&W. Mar as B&W de Ried derby beluke wol dan heart dit op in oare wize dien te wurden as dat no dien is, te witten, efkes nei de Riedsgearkomste oan de han fan in earmoedich sketske meidiele dat de saak yn kalk en semint sit. Letter die bliken dat it B&W yn striid mei it "Kolleezjeprogram" hannele hie troch undernimmers ut us gemeente net de kans te jaan op dit wurk yn te skriuwen. Nei oanlieding fan it plan "De Helling" en "Wenplan Ljouwerteradiel" en it feit dat de gemeente Ljouwert harren bouprogramma net realisearje kin, is de FNP fan miening dat B&W der by Deputearre Steaten op oantrune moat om us gemeente mear wenten ta te skikken. De op de "De Helling" te realisearjen 24 'toekomstbestendige' wenten kinne neffens de FNP komme ut de ekstra pot fan 960 wenten ornearre foar it Stedsgewest. Yn it goedkarde bestimmingsplan mochten 30 wenten boud wurde, dy kinne dermei beskikber komme foar "Aldlan fase 2". Fraach 1; Binne B&W ree hjirta aksje te undernimmen? Ek wat in "Assylsikerssintrum" oangiet binne wy as FNP net ynnommen mei de wize fan hanneljen fan it Kolleezje fan B&W. B&W woene de Riedsleden nei ofrin fan de Riedsgearkomste fan 26 april I.I. efter sletten doarren us stanpunt hjiroer heare. Dizze oanpak fernuvert us benammen sjoen de ynformaasje nei us ynwenners ta fan Kolleezjepartij/Gemeentebelangen "Bij de vorming van het huidige college heeft Gemeentebelangen laten vastleggen, de gemeenteraad te willen voorstellen de bevoiking naar haar mening aangaande de vestiging van een asielzoekerscentrum te vragen. Aan dit uitgangspunt wordt vastgehouden. De FNP stie oan op in iepenbiere behanneling fan dizze saak, doe't dat net barde hat de FNP net dielnommen oan dy fertroulike gearkomste. Sunt april hawwe wy hjiroer neat mear fan it Kolleezje heard. Fraach 2; Wat binne B&W fan doemei dit underwerp te dwaan? Ja foarsitter, it is sa stadichoan in tryst ferhaal wurden mei as djiptepunt dat us gemeente under tafersjoch fan de ynspeksjes fan it ministearje fan VROM steld is. Us gemeente hat de saken op it med fan fergunningferliening, romtelike oardering en miljeu net ynoarder en hannelt tefolle yn'e geast fan de wet. Foarsitter, soks liedt ta willekeur nei de boargers ta wylst de oerheid krekt it toanbyld fan suverheid en betrouberheid heart te wezen. As de oerheid dat net is fait de basis fan har hanneljen wei en rekket sy har bestjoerskreft kwyt. Al jierren rint de FNP tsjin de muorre op fan B&W, omdat wy it yn 'e eagen fan B&W altyd ferkeard sjogge. Mar foarsitter dit Kolleezje fan B&W liket net harkje te wollen mar moat earst fiele foardat hja ta hanneljen oergiet. It is in blamaazje dat us gemeente soks oerkomt as twadde gemeente yn Nederlan. Fraach 3; Op hokfoar wize tinke B&W dizze saak rjocht te breidzjen? 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 15