Takomst fan us gemeente. Foarsitter, troch de hjirfoar sketste foarfallen is de posysje fan us gemeente der net steviger op wurden werby de takomst fan us gemeente faai komt te stean. Us gemeente wurket op ferskate meden gear mei oare gemeenten. In goede saak fynt de FNP, teminsten as de foardielen derfan oantoand wurde/binne. Gearwurkjen moat lykwols wol mei fisy dien wurde, wat kinne wy it beste sels dwaan en wat kinne wy better mei oaren dwaan. Wy misse dy fisy by de Kolleezjepartijen Gemeentebelangen en it CDA. De FNP is fan miening dat as Boargemaster en Wethalders trochgeane sa't hja no dwaande binne Ljouwerteradiel hurd op wei is nei in weryndieling. Fraach 4; Op hokfoar meden tinke Boargemaster en Wethalders, Herder as no it gefal is, mei oaren gear te wurkjen? Fierders freegje wy Boargemaster en Wethalders it managementplan sa gau mooglik of te meitsjen en op in tarikkende wize te foarsjen yn de tekoartkommingen fan it gemeentelik aparaat It Wolwezen yn us gemeente. It wolwezen yn us gemeente hinget nau gear mei it tal foarsjennings, de kwaliteit fan it gemeentebestjoer en de lesten foar us ynwenners. Us gemeente beskikt oer moaie foarsjenningen. De FNP makket har lykwols grutte soargen oer de kosten en it op peil halden fan dy foarsjenningen. Foarsitter, de FNP is bliid dat it op ofstan setten fan it bestjoer fan it iepenbier underwiis hast syn beslach krigen hat. Dermei is us gemeente einliks ferlost fan de dubele petten problematyk en kin it iepenbier underwiis en it bysunder underwiis op basis fan lykweardigens behannele wurde. Wat de posysje fan it Frysk yn it underwiis oanbelanget, ferwachtsje wy fan it Kolleezje mear inisjatyf. Ut in undersyk fan in troch Europa ynstelde kommisje fan saakkundigen docht bliken dat de kearndoelen Frysk lang net helle wurde. Yn it Kolleezjeprogram stiet under gemeentelik underwiisbelied "Aandacht vooreigen taal, cultuur en geschiedenis dient ook fan gemeentewege gestimuleerd te worden". Fraach 5; Kin it Kolleezje oanjaan wat hjiroan dien is? Ek binne wy ynnommen mei it feit dat B&W de ferfanging fan de "Arjen Roelofskoalle" te Hijum in jier nei foarren, te witten 2003, ynstee fan in jier nei efteren, te witten 2005, skood hat. In goede saak is dat der no wat faart liket te kommen yn it feilich en bliuwend under dak bringen fan de butenskoalske opfang (=BSO). Te lang binne de belutsen minsken yn it ungewisse bleaun.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 16