Foarsitter, op it med fan sosjale saken geane wy gearwurkjen mei us buorgemeente Ferwerderadiel. Ek de FNP hat hjirmei ynstimd. Lykwols fine wy it spitich dat der gjin dudlikens jun wurde koe oer de eksploitaasjelesten fan no en aanst yn it gearwurkingsferban. Letterlik seit it KPMG-rapportGeen van beide gemeenten zal in staat zijn op korte termijn een reeel exploitatieoverzicht aan te leveren". Dit is neffens de FNP in strieminne saak om't wy op dy wize as Ried net by steat binne B&W te kontrolearjen. De FNP hat derom frege om dy sifers sa fier as mooglik wol te jaan en de wethalder hat dat ek tasein. Fraach 6; Hoe stiet it mei de eksploitaasjelesten dit oangeande? De finansjele tastan fan stifting De Skalm sjocht der tanksij de ekstra stipe (bliuwend f 50.000,-) fan de gemeente no wat fleuriger ut. Finansjeel sjoen bliuwt "De Skalm" neffens de akkountant en de risikoparagraaf in unwisse saak. d Wy hawwe nei oanlieding fan de grouwelige belestingferheging dit jier frege nei in oersjoch fan it tal beswierskriften ynsake de 'Unreplik Saakbelesting' en de aard fan dy beswieren. It tal beswierskriften 379 wol te ferstean liicht der net om. De FNP makket har soargen oer de gefolgen fan de belestingferheging, benammen foar minsken mei in eigen hus en in smelle beurs. Fraach 7; Kin it Kolleezje ek sizze hoefolle ynwenners troch de manske belestingferheging yn'e knipe komme? It oansjen fan us gemeente. Foarsitter, it oansjen fan us gemeente is oan it fersuterjen. Soks is goed te merkbiten oan it sintrum fan Stiens mar ek oan sommige diken, en guon sportfjilden. Derom binne wy bliid dat der nei jierren fan oantrunjen troch de FNP no einliks begun is mei it opknappen fan us asfaltdiken. Dochs freegje wy us wol of wannear der 'tein setten wurde sil mei it opknappen fan de klinkertdiken en tegelpaden, want dy begjinne mear en mear op knoffeldiken en knoffelpaden te lykjen. Wy fine derom ek dat dit sa gau mooglik oanpakt wurde moat en al op de begrutting fan 2002 mear jild utlutsen wurde moat. Begrutting 2002. GBL seit foar de ferkiezings fan 1998 de lesten mei net mear ferhege wurde as mei it persintaazje fan de ynflaasje. Yn 2001 is de unreplik saakbelesting lykwols ferhege mei mear as 30 Wy neame soks kiezersbedroch. It risseltaat is dat Ljouwerteradiel no ien fan de djoerste gemeenten fan Fryslan is. Foarsitter it mei dan sa lykje dat de begrutting fan 2002 slutend is mar wy freegje us of of alle saken deryn wol meinaam binne. 4 St

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 17