Fraach 8; Hoe sit it mei de; - taakstelling fan f 150.000,-- - personiel y.f.m. ynspeksje VROM - jild frijmeitsje foar bestimmingsplannen fragen fan de O.R. - Alvestederoute Frjentsjer - Bartlehiem. - Sintrumplan De begrutting foar 2002 liket us in begrutting tasnien op de ferkiezings fan 2002, in spultsje fan "stilsitte as je skeard wurde" en nei de ferkiezings sjogge wy wol wer fierder. Ferkiezingsstunt? De foarutsichten mei oprinnende tekoarten yn 2003 oant 2005 stimme us net fleurich. Yn it oanbiedingsbrief seit it Kolleezje 'In tegenstelling tot vorig jaar kunnen wij u de begroting thans aanbieden zonder ingrijpende belastingverhogingen. Dit houdt niet dat de finaciele positie van de gemeente thans rooskleurig is. Anderzijds moeten wij ook niet te negatief zijn,ensf. En dan giet it Kolleezje al fest fierder mei it fersulverjen fan mooglike tafallers. Foarsitter, dizze halding fan 'it liket net goed mar wy moatte it net te swart sjen' liedt ta neat. It is in halding fan neat dwaan en 'pappe en nathouden'. Mei neat dwaan kinne wy de takomstige tekoarten fan us gemeente net bestride. Der sil wat dien wurde moatte oan kostenbehearsking oars untkomme wy yn'e tatakomst net oan in wer sa'n grouwelige belestingferheging as dit jier. Jierren lang hat de FNP utstellen dien om de kosten te behearskjen, no fine wy dat it heech tiid wurdt dat it Kolleezje mei utstellen komt. Ta Beslut. Foarsitter, wer't ik mei utein setten bin, us gemeente is djoerder wurden mar net better. As FNP fine wy dan ek dat us ynwenners foar dy priis mear kwaliteit ferwachtsje meie. Soks betsjut dat kosten en baten mear mei inoar spoare moatte troch benammen nei de kosten kant te sjen. In protte plannen (sa as Grienbehearsplan, Wegenplan, Managementplan) binne mei tam-tam oppakt, mar risseltaten sjogge wy noch net. It is in spultsje fan 'altyd foar de hikke mar noait dOnsk'. Wy fine derom ek dat it gemeentlik apparaat sa gau mooglik op oarder brocht wurde moat om de gemeentlike taken op in tarikkende wize utfiere te kinnen. Der oan taheakjend hawwe wy wurdearring foar de amtners, werfan ferwachte wurdt dat hja, net tsjinsteande de underbesetting, alle wurk op in tarikkende wize utfiere. De FNP fynt it mei it each op de ynfiering fan it dualisme needsaaklik om yn 2002, mooglik yn'e mande mei oare gemeenten, in gemeentlike rekkenkeamer yn te stellen. Op dy wize kin de Ried har kontrolearjende taak better utfiere. Fraach 9; Wat tinke de oare fraksjes hjirfan? Ut namme fan de FNP-fraksje, Douwe Bylsma.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 18