Reaksje fan de Party van de Arbeid op de begrutting 2002 Kolleezje, riedsleden, oanwezigen, harkers en lezers, l/Vees kort in uw betoog En duidelijk in uw woorden De tijd is kort van duur Waarom dien te vermoorden. Dit rymke stiet te ISzen yn de fitrine fan it wenhus fan partijgenoat Hendrik ten Hoeve yn Ljouwert, op de hoeke fan de Monnikemuurstrjitte en de Nijbuorren. Yn de geast fan de ofspraak mei de boargemaster om dit petear net langer as sa'n 10 minuten duorje te litten fQn ik dit wol tapaslik. It liket us as PvdA-fraksje wol op syn plak no't wy hast oan 'e ein kommen binne fan dizze kolleezje- perioade, de balans op te meitsjen, om ris te sjen wer't wy steane as gemeente. Wy binne der as frak- sje yn juny fan dit jier al op foarut rOn nei oanlieding fan it grutte oerskot fan mear as in miljoen gune op de rekken fan it jier 2000. Wy hawwe by dy gelegenheid witte litten der net sa bliid mei te wezen. Dat oerskot op de rekken hat syn reden, nammentlik it net of te let ta utfiering kommen fan in grut tal fan saken. Jo hawwe doe Cis A-fjouwerke foar kundskip oannommen en neist Jo del lein as kolleezje"Het zij zo Wy ferwachtsje likernoch no fan jimme kant wol in reaksje en noegje hjirby ek de kollega-riedsleden ut te reagearjen op wat wy doe sein hawwe en no te sizze. Sa't ik al sei, wy hawwe de balans opmakke en yn grutte halen hawwe wy dat dien oan de han fan trije punten. 1Yn it foarste plak oer it bestjoer fan dizze gemeente, it kolleezje en de Ried en wat der tus- ken dy beiden ofspile hat en ofspilet hjoed-de-dei. Yn juny fan dit jier ha wy kritysk west oer it op 'e tiid klear kommen fan in tal saken, de under- haldsplannen en de utfiering derfan. Ik sil dat hjir net herhelje. It boadskip is dudlik en wie ek yn juny helder. It kin en it moat better! Mar foar lis is de fraach noch hieltyd: Is it kolleezje dat ek mei us iens? En foar alle dOdlikheid, dan giet it us net sasear oer de skuldfraach, mar mear om de fraach: binne jimme fan miening dat der ferbettering komme moatWy witte allegearre wol dat net alles kin, mar hat it kolleezje wol helder foar de geast hoe't wy der as gemeente foar steane? Of wy der wol yn slagje kinne te dwaan wat wy mei-inoar ofpraat hawwe? En derneist wat wy dwaan moatte, wetlik en moreel sjoen? En dan kom ik bygelyks op in tema dat us heech sit, nammentlik de fraach fan de COA oan us gemeente, oan it kolleezje fan B. en W. yn earste ynstansje, om ta in beslut te kommen oer in asylsikerssintrum yn us gemeente. Wy kinne as fraksje fan de PvdA net akseptearje dat it kolleezje der net ta komme kin om mei in utstel te kommen foar beslutfoarming op dit punt. It liket der wol op dat jimme der net mei us oer prate wolle. Dit is fansels bestjoeren fan neat, der is sprake fan non-bestjoer. Of moatte wy no ek konkludearje dat it CDA him deljout by de sitewaasje dat Gemeentebelan- gen gjin asylsikerssintrum wol Wy hawwe it kolleezje op 15 oktober I.I. in brief stjoerd en har- 1 Reaksje PvdA op begrutting 2002 - gemeente Leeuwarderadeel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 20