ren deryn utnoege om binnen in moanne te reagearjen en aksje te undernimmen. Wy wach- tsje ynearsten dy moanne mar ris of Oer de ferhalding tusken it Kolleezje en de Rie wolle wy lykwols noch efkes wat (wurden) kwyt. Der is yn 'e rin fan dit jier noch alris wat wriuwing en yrritaasje west tusken beiden. De strekking derfan wie dat de Ried - opfallend is ek dat de saneamde kolleezjepartijen der by hearre - fan miening wie dat hja te let ynformearre is oer in tal saken. Lykas de gong fan saken mei de wentebou yn it Aldlan op de Helling. En it leste foarbyld derfan fine wy de saak fan de rapportaazje fan de ynspekje fan VROM. It kolleezje hie us der foar de simmerfakansie wol oer vnliochtsie kinnen. en nei tis betinken hie dat ek moatten. De tiid is hjir te koart om der djip op yn te gean, mar bringt my ta in punt fan krityk, nammentlik dat Jimme as deistich bestjoer, dat eltse dei konfrontearre wurdt mei saken, net kommen bin- ne mei inisjativen op it flak fan ekstra minsken foar hanthavenjen bygelyks. Gjin wurd deroer fan jimme kant, wylst jo der mear as wy, daagliks mei konfrontearre wurde. Wy hawwe jimme der ek al earder op wiisd en de foarsitter hat deroer tasizzings dien II! 2. En dan kom ik op it twadde punt fan dizze balans: de organisaasje fan dizze gemeente, it personiel. Hoe liket it mei de reorganisaasje? Soks jout ekstra wurkdruk, unrest en unwissens. It is Os opfallen dat der gjin inkeld btstel fan jimme kant dien wurdt foar utwreiding fan personiel. Wylst wy earder fan jo kant te hearen krigen hawwe dat foar underdielen te min personiel wie en noch is! Moatte wy - no't it kolleezje net komt mei utstellen op dit punt - konkludearje dat alles goed gieten goed komt? Is it kolleezje wier fan betinken dat alles wat der op priemmen stiet en noch dien wurde moat, ek dien wurde kin mei de besteande formaasie? Freget it kolleezje net tefolle fan harren amtners? Wy hawwe op dit punt grutte muoite mei it st^npunt fan it kolleezje: wy sette der grutte fraachtekens by! Wy hawwe de yndruk dat der op tal fan terreinen de grins berikt is oan wat der fan de minsken frege wurde kin en mei. It muoit us dat derfan neat yn de oanbiedingsbrief werom fine kinne. Wy wolle hjirby us wur- dearring utsprekke yn de rjochting fan it amtlik apparaat, oer harren ynset. Hulde der foar! Mar kolleezje oan jimme de fraach: kinne jimme de ofspraken mei de Rie wol neikomme. ]s der kwantitatvf en kwalitatyf qenoch kennis en kunde ta jo beskikkinq? Wy sette der fraachtekens by. Sjoch allinne mar efkes nei it ynspeksjerapport fan VROM en sa binne der noch wol mear oanwizings. Wy meie jimme ek ferwize nei de reaksje fan de Under- nimmingsried. Kolleezje: wat sizze jimme hjirop? 3. Sa komme wy op punt trije fan de balans: it jild, de beskikbere middels. Derby kinne wy koart weze. It liket moai, in slutende begrutting. Mar skowe jimme as kolleezje - en wy as Rie as wy der yn mei geane - net tefolle saken foar us ut? Sa fan: der moat it nije kolleezje dan mar mei rede nei de ferkiezings. It VROM-rapport moat neffens de fraksje fan de PvdA net as in foarbygeande saak, as ynsi- dint sjoen wurde. Der is op ferskate underdielen fan de gemeente struktureel wat oan de han. Wy sitte ommers noch altyd mei in te lytse finansjele reserve (tink oan de transitoryske rinte) en ek steane wy bygelyks foar de fraach hoe't wy de kommende jierren de skoalleproblematyk yn Hijum oplosse kinne. En hoe geane wy bygelyks om mei de fraach foar in ekstra lokaal by De Twilling. Hoe stiet it kolleezje en hoe steane de oare fraksjes der tsjinoer? Soe it net folle better weze en sykje no al in finansjele oplossing? Want as der op al dizze punten gjin helderheid komt, betwifelje wy of wy wol mei dizze begrut ting akkoart gean kinne. As wy de takomst sa yngeane dan komme wy der sa net foar de wat langere termyn. 2 Reaksje PvdA op begrutting 2002 - gemeente Leeuwarderadeel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 21