Kolleezje, riedsleden, binne jimme dan ek mei us fan miening dat wy mei-inoar yn berie moatte oer de folgjende strukturele fragen: Geane wy sa troch mei dizze gemeente? Hoe geane wy de kommende jierren yn? Moatte wy net mear dwaan oan gearwurking mei oare gemeenten, om ta mear kennis en kunde te kommen yn us organisaasje Moatte wy wat dat oanbelanget net in twadde Swarte Hoanne-berie hawwe, en dan mei alle partijen? Moatte wy net komme ta in diskusje oer de fraach: binne der noch besunigings mooglik? Moatte wy net in kearntakendiskusje oangean?!? Wy as fraksje fan de PvdA slute - as wy alles sa oereidzje - in (tydlike) ferheging fan in tal gemeentiike belestingen net ut. Yn de twadde termyn komme wy hjir noch op wer- om. Kolleezje, harkers, Wy wolle oan 'e ein fan dit petear noch in pear dingen nei foaren bringe. En dat binne: 0 It kolleezje ferwachtet ek oer 2001 in rekken-oerskot. Wy soene graach sjen dat in diet derfan brQkt wurdt foar in ynhelslach foar de oanskaf fan boartersspul foar de boarterstunen en skoalle- pleinen. 0 Wy heare sa no en dan negative luden oer it skoalleskjinmeitjsen, dat der te min jild is om dat goed te dwaan. Wol it kolleezje ris sjen as der wat oan dien wurde kin. 0 Kinne wy as riedsleden tenei earder te hearen krije op hokker datum de jierlikse himmeldei halden wurdt. Dan kinne de riedsleden dy't der oan mei dwaan wolle der tiid foar ynromje yn harren bus- boekje. Der soe nei us betinken in positive ympuls fan utgean kinne nei de bewenners ta. 0 Wol it kolleezje it idee fan in frijwilligerssintrale nochris under de oandacht bringe kinne fan it be- stjoer fan de Skalm. Yn dit jier fan de frijwilligers - 2001 - soene wy der dan dochs noch wat oan dacht oan skinke, lykas in protte oare gemeenten. 0 Wy freegje nochris ekstra oandacht foar de oanpak op koarte termyn fan ferskate gefaarlike site- waasjes yn it ferkear. En dan meinammen foar de swakkere ferkearsdielnimmers, sa as de bern (rutes nei de skoallen), de ynvalide minsken en de alderein. Ik tankje jimme foar jimme oandacht. Jan Admiraal ut namme fan de fraksje 29 oktober 2001 3 Reaksje PvdA op begrutting 2002 - gemeente Leeuwarderadeel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 22