CDA LJOUWERTERADIEL Algemiene Skogings Fan It CDA 2001 Foarsitter. De sittingsperioade fan dizze rie, mei it CDA 4 jier yn it kolleezje fan B en W, is hast oan 'e ein. Dan komt de fraach op: wat is der yn dizze perioade r&alisearre. Ear't ik hjir oan begjin, wol ik earst even hiel koart de perioade der foar oanhelje. Yn dy perioade hat us gemeente in kwanteitsslach dien op it med fan de foarsjennings. Sportkompleks It Gryn, mei u.o. it swimbad en sporthallen en it kulturiel sintrum de Skalm binne doe realisearre. Yn dizze perioade fan sawat fjouwer jier, mei it CDA yn it Kolleezje en mei- ferantwurdlik foar it deistich bestjoer,binne wy dwaande mei in kwaliteitsslach op it med fan Qnderskate foarsjennings. As earste wol ik neame it Gnderhald en behear fan wegen en grien. De behearsplannen hjirfoar binne oan 'e ein fan dit jier beide klear. Om it efterstallich underhdld wei te wurkjen, wurdt hjiroan dit jier en de kommende jierren hyltyd in heal mijloen ekstra bestege. Wy ha de earste jierren fan dizze perioade grutte soarch han oar it finansjele belied fan de Skalm. Troch it privatisearjen fan de Foyer en profesjonele oanpak fan de Skalm is de negative trend fan de leste jierren ombugd en koe it jier 2000 positvf ofsletten wurde. Wy ferwacntsje, dat dizze positive Ontjouwing him yn de kommende jierren trochset. It CDA hat de leste jierren hyltyd yn 'e pleit west foar it tagonkelik meitsjen fan iepenbiere gebouwen foar minsken, dy't min op 'e gong binne. Wy binne der d6rom tige mei op skik, dat de tagongsdoarren fan de Skalm ferfongen binne troch automatyske doarren. It CDA hat altyd oanstien op in deeglik finansjeel belied. It is, mei hjirtroch, dat sGnt 1998 de jierrekkens mei in posityf saldo Ofsletten wurden koene, en dat der wer mei in slutene begrutting wurke wurdt. De kwaliteitsslach, sa't ik it al earder neamde, slacht grif ek op de Gnderwiishusfesting. Mei de nijbou van de Twilling en it utwreidzjen fan de Jint en it ferbouwen fan de Orientaasje ta de Sprankel is der op dit med in soad realisearre. As Oan 'tSkipperspypke yn Koarnjum, as leste earstdeis ek klear is binne alle skoallen yn us gemeente wer goed by de tiid allinnich de skoalle yn Hyum noch net, mar dy stiet no al foar 2005 op 'e nominaasje foar nijbou. Wy binne bliid dat der no einliks utsicht is op in miljeustasjon yn us gemeente. En as leste, mei tank oan us wethalder, is der no in oanset jOn om minsken en tiid beskikber te stellen foar it saneamde iepen jongerein wurk. Foarsitter, ik wol noris nei de takomst sjen. Dan binne der noch underskate saken dy 't us omtinken freegje sa as bygelyks it sa neamde "pleinplan". Einliks is der dit jier skot yn kommen. De projektuntwikkelder is mei in moai plan foar in pleinofslutend

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 26