gebou kommen wat neffens it CDA, wat aard en skaal oanbelanget, aardich yn it sintrum fan Stiens past. In pear Gntwerpen binne troch HOs en Hiem negatyf advisearre, mar, foarsitter, tink der om :hald faasje. Sintrumplan. Wy binne bliid, dat it Kolleezje avensearje wol mei it ferbetterjen fan it sintrum van Stiens, om it sa oantrekliker te meitsjen foar wenjen en winkeljen. Wy freegje it Kolleezje om in goed trochtocht plan foar it gehiel, dat op in breed draachflak rekkenje kin en finansjeei goed Gnderboud is. Swimbad. Us gemeente hat in tige moai swimbad, mar de hyltyd heger wurdende kosten jouwe us in soad soarch. Foar it kommend jier wurdt de ferheging rGsd op 9,13%. Sa kin dat net trochgean. De wethdlder hat us tasein, dat wy dit Gnderwerp yn de kommisje foarlein krije, om te behanneljen. Wy ferwachtsje dat dy behanneling dit jier noch bart. Noardwest_tangent. Undanks it opunthald yn de studzje fan de plannen nei de trasee- kar fan it N.W. tangent stean wy der by it Kolleezje op oan om alles yn it wurk te stellen om fierder opunthald yn de planfoarming foar te kommen. Dizze dyk is tige fan belang foar it Gntsluten fan Noard_ FryslGn. Jild. Yn 1999 hat de rie besletten, om de gemeentlike tariven alle jierren mei it ynflaasje persintaazje te ferheegjen. Yn de begrutting foar 2002 stelt it Kolleezje no ut, om in ynflaasjepersintaazje oan te hGlden fan 3,6%, ynstee fan it foar dit jier reele persintaazje fan 4,6%. Dat fine wy frappant. Werom komt it Kolleezje mei dit utstel, foarsitter? As der finansjele mei_of tsjinfallers binne, wolle wy dy sa gau mooglik witte, sadat der op 'e tiid oanpassings plak finne kinne. De wetdualisearing gemeente bestjoeris sawat in feit. Hjirfoar moat yn de begrutting foar 2002 in post gefolgen ynfiering wet dualisearring gemeente bestjoer) opnommen wurde. Wer kinne wy dy fine? Want der moat ommers Q.o. in riedsgriffy komme en in wetlike ferankering fan it rjocht op fraksje stipe mei alle finansjele gefolgen derfan. BussIGs Griene Leane. Der is in Ondersyk ynsteld nei de Gnfeilige ferkears situaasje by Maartenswouden as gefolch fan de busslus yn de Griene Leane. Wy wolle graach fan it Kolleezje heare, hoe't de aktuele stan fan saken is. Wy hoopje, dat der meikoarten in Gtstel fan it Kolleezje komt om dy busslus der wei te heljen. In pear wike lyn is us gemeente under tafersjoch steld fan it ministearje fan VROM. As CDA binne wy der tige kjel fan wurden. Om de swierrichheden op te lossen ha jimme us tasein op koarte termyn mei in plan fan oanpak te kommen. Krekte utfiering fan de rigels en it hanthavenjen hjirfan binne in dit stik fan saken it wichtichst. Der binne minsken foar nedich, sawol foar de kwaliteit as foar de kwantiteit fan it belied.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 27