Wat der yn de oanbiedingsbrief stiet oer de utfiering fan it gemeentlik riolearringsplan twadde fase, stypje wy fan herten. Wichtich is, dat it Kolleezje it kommend jier mei in tiidsplenning komt. Ek kinne wy us fine yn de opmerking fan it Kolleezje dat de faarferbining KletsefeartJFeinsumerfeart opfierd wurde sil yn it Qnderskate gewestlik oerlis. Ik bin sawat oan e ein fan us skogings, dy t Jo ek fine kinne op us webside www.cda.nl leeuwarderadeel. Wy hawwe de l§ste 3,5 jier, mei it CDA yn it Kolleezje, in kwaliteitsslach makke, mar dat betsjut net, dat wy it der no wol fan nimme kinne. Der bliuwt noch gendch oer, der 't wy yn ynvestearje kinne en der wolle wy as CDA graach en goed oan mei dwan. As leste wol ik ut namme fan us fraksje alle mei wurkers fan de gemeente tankje foar har help en har ynset. Wy hawwe nea om 'e nocht in beroep op har dien. Stiens, 29 fan de wynmoanne 2001. Jaap Stienstra.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 28