De foarsitter giet derby u.o. yn op it tema dualisearring, struktuer en kwantiteit fan de amtlike organisaasje en in strukturele ynfolling fia it managementplan. Wethalder Keizer jout utlis oer de kar foar nijbou fan skoallen, it provinsjale trasee undersyk fan 'e provinsje nei it noardwesttangint en seit ta dat beslutfoarming oangeande de busslus noch yn dizze riedsperioade plak ha sil. Dernei wurde de fraksjes yn 'e gelegenheid steld om yn 'e twadde termyn te reagearjen op it kolleezje-utstel oangeande de begrutting 2002 en it beanderjen fan de fragen troch it kolleezje. Der wurdt gebruk fan makke troch de leden Lageweg (343 m.), Ketellapper (560 m.), Haites (660 m.), Dijkman (840), Bijlsma (1040 m.) en Admiraal (1190 m.). Op de ferskate fragen en opmerkings dy't noch nei foaren komme jouwe de kolleezjeleden yn essinsje de folgjende reaksjes. Foarsitter W.Chr. Vroegindeweii Personielsbelied. Neiere utstellen komme noch nei it opstellen fan in managementplan. Foar de 2 of 3 minsken ekstra dy't yn earste ynstansje nedich binne sil binnen de begrutting 2002 ynsidinteel romte socht wurde en dernei struktureel. Wentebou/sitewaasje Ljouwert. Op 14 desimber o.s. fynt yn BOSL-ferban in petear plak oer de helberheid fan wentebou yn Ljouwert en wurdt ek mear dudlik oer de mooglikheden foar oare gemeenten fan it stedsgewest. "Libbensrinbestindige wenten Bebouwing De Helling: It kolleezje sil har ynsette om in ekstra kontingint ut de stedsgewestlike knyppuntepot te krijen. "Amtlike spesjalistepool Der sil neigien wurde oft it opsetten derfan yn gearwurking mei oare gemeenten helber is. Plan "De Nije Terp Nei plan fan oanpak sil der utlis jun wurde yn de Stienser Omropper. Takomst gemeente. De foarsitter ferwiist nei it SGBO-undersyk en sjocht yn alle gefallen in fierdere gearwurking mei Ferwerderadiel op it med fan Wolwezen as in logysk ferfolch. Fierder is der op dit stuit net folle fan te sizzen. Dualisearring. Op 24 jannewaris o.s. is der in workshop foar riedsleden. Oer ferskate saken is der lykwols wat dat oanbelanget ut De Haach wei noch net folle dudlikens.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 7