Produkt- en prestaasjebegrutting. It giet hjir om 135 produkten. De krekte prestaasjes wurde keppele oan de krekte produksjes mei derby in finansjele fertaling. Kengetallen en prestaasjefeiten sille neier presisearre wurde en it systeem fan tiidskriuwen ferfme wurde. Ynventarisaasje "kearntakediskusje Is op dit stuit net mooglik. Taakstelling fan f 150.000 (oant 2004 ta), opnommen yn begrutting 2001. Yn de begrutting fan takom jier moat noch romte socht wurde en derom kin der no net mear praat wurde fan in taakstelling. Wethalder Keizer Husfestingssitewaasje skoalle Hyum. It kolleezje docht de belofte om yn 2002 mei utstellen te kommen sadat der yn de begrutting foar 2003 ynfolling oan jaan wurde kin. Boufergunnings. Nei oanlieding fan it VROM-rapport is yntusken it ferbetteringstrajekt ynset. Aktuele sifers learlingen Learlingenoantallen binne leger as de prognoses fan ferline jier. Behanneling yn kommisje II fan novimber. Wethalder Vos Gearfoegjen Soza Ljouwerteradiel/Ferwerderadiel. Ferwiisd wurdt nei it rapport fan KPMG. Asylsikers/nijkommers. Op 26 novimber sil der yn kommisjeferban in diskusje oer plakfine. BESLUTFOARMING Nei in wiidweidige diskusje en in oantal underbrekkings fan de gearkomste wurdt oergien ta stimming en beshitfoarming. De FNP komt mei in moasje, dy't nei wat oanpassingen troch alle oare fraksjes underskreaun wurdt. De moasje foarmet de opdracht oan it kolleezje om yn novimber 2001 in oersjoch te jaan fan de tekoartkommingen fan it amtlik apparaat en oplossingen oan te dragen mei in finansjele fertaling. De foarsitter jout oan dat it kolleezje in uterste ynspanning plege sil om de moasje ut te fieren. It utstel fan it kolleezje oangeande de begrutting 2002 en de mearjierreruzing oer 2003 o/m 2005 wurdt dernei oannommen mei 9 stimmen foar en 6 stimmen tsjin. De fraksjes fan GBL, CDA en WD binne foar en de fraksjes fan PvdA en FNP tsjin. Troch de fraksjefoarsitters wurde stimferklearrings oflein.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2001 | | pagina 8