1 Begruttingswizigings De hear Ekas (GBL) n.a.v. begrotingswijziging 5/2003 (vervanging van drie CV-ketels OBS "De Jint" te Stiens): Verontrust over de toelichting waarin gesproken wordt over een spontane ontbranding, met kans op herhaling. De fabrikant hierover benaderen. Wethalder Keizer: De schrik was groot bij kennisname van gebeurtenis. In de bouw zijn evenwel de gevolgen van zo'n ontbranding ondervangen. De hear Ekas (GBL): Vindt zo'n manier van technisch ontwerpen erg vreemd, zoniet onmogelijk. Wethalder Keizer: Er is naar de bouwvoorschriften gehandeld. 14. Schriftelijke vragen DBF met betrekking tot Centrumplan (toegevoegd agendapunt) Boargemaster Vroegindeweij: Op grond van art. 37, lid 6 van het reglement van orde wil het CDA reageren op de antwoorden op de schriftelijke vragen. Mefrou Haites-Miedema (CDA): De CDA-fraksje is yrritearre oer de toansetting yn it earste part fan de brief. Yn de ried binne de soargen oer de gong fan saken by it Sintrumplan dudlik foar it ljocht brocht en soks heart ek yn it iepenbier. It kolleezje ferskulet him te bot achter de drokte dy't it Pleinplan mei him mei brocht, mar de yntermedier moat him talizze op it Sintrumplan. De ungerestens oer de fuortgong is by it CDA noch net weinommen. Op syn minst hat de kommunikaasje net goed west. De wethalder hat yn desimber tasein dat yn dy moanne it plan fan oanpak, it tiidsskema en de ferkearsregeling ree weze soene. Dat soe dan no sa weze moatte. Wethalder Keizer: Wol allinne op feitlikheden yngean. De ynrjochting fan it Pleinplan hat wol mei gebou en ferkearsstream te meitsjen. Der binne byg. gefolgen foar plak fersetsmonumint en blommekiosk. It plan fan oanpak leit der, mar allinne noch foar yntem gebruk en it is noch net hielendal utskreaun. Alle wiken moatte der wer nije dingen utsocht wurde. It kolleezje kin de fraksjes it plan takomme litte. De sketsplannen komme op 25 febrewaris yn it kolleezje. Begjin maart is der in jun foar oerlis mei winkellju en bewenners. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Der is ek wat friksje oer de bydrage OVL. Hoe sit it der mei? De Sintrumyntermedier soe noch in ekskurzje organisearje foar de minsken dy't deroer beslute. Hoe fier is dat? Wethalder Keizer: De ekskurzje is wol tasein, mar de saken wiene noch net konkreet genoch om op de plande datum soks te halden. It leit wol yn de bedoeling dat dy ekskurzje foar OVL, Doarpsbelang en de riedsleden foar de beslutfoarmjende faze halden wurdt. De finansjele bydrage giet net allinne OVL, mar alle belanghawwenden oan. Troch amtners wurde kritearia foar in rjochtfeardige ferdieling untwikkele en der sil it kolleezje op 25 febrewaris ek oer gear. 15. Sluting Boargemaster VroegindeweijDe raadscommissievergadering van 6 februari vervalt vanwege het nog niet gereed zijn van de stukken. Er wordt naar gestreefd om van de

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 11