GEMEENTE 12 LJOUWERTERADIEL Stiens, 24 maart 2003 Riedsgearkomste: 15maaie2003 Utstelnumer: Behan. amtner: E-mail: Tillefoannu.: Underwerp: 2003/26 J.J. Kingma j .kingma@leeuwarderadeel.nl 058 - 2576601 beneaming plakferfangend griffier Beslut dat naam wurde moat: de hear A. Grit, juridysk beliedsmeiwurker fan de sektor Middelen beneame ta plakferfangend griffier Koarte ynhald: Mei it yngean fan de "Wet dualisering gemeentebestuur" en mei it beneamen fan in riedsgriffier moat de ried ek foarsjen yn it ferfangen fan dy funksjonaris by syn behindering of ofwezigens. Op grun fan de bepalings yn de regleminten fan oarder foar de rieds- en kommisjegearkomsten moat jimme ried in amtner oanwize. De rezjygroep, lykas bekend besteande lit in fiiftal leden fan jimme ried en wol lit alle fraksjes ien, hat nei oerlis mei de gemeentesiktaris fan betinken west dat foar sa'n oanwizing de hear A. Grit, juridysk beliedsmeiwurker fan de sektor Middelen, der it meast foar yn oanmerking komt. By it ynfieren fan it duale stelsel hat hy nau behelle west en noch hieltiten docht hy stypjend wurk op dat med. Boppedat slute de aktiviteiten fan plakferfangend griffier ek goed oan op syn wurk. Fierder diele wy jimme mei dat wy as kolleezje syn oanwizing as loko- siktaris ynlutsen hawwe. Lykas bekend is in kombinaasje fan (plakferfangend) griffier en (loko)gemeentesiktaris as net winsklik bestimpele, sil oan it duale stelsel folslein rjocht dien wurde. It beneamen ta plakferfangend griffier bart troch jimme ried, werby't foar us as kolleezje de restriksje jildt dat der mei rekkene wurdt dat hy buten de oanstjoering fan de amtlike organisaasje fait op mominten dat hy as griffier fungearret. Yn 'e praktyk is dat sa as de griffier fanwege sykte of oars langer ofwezich is. It is net de bedoeling dat de plak-ferfangend griffier ek werklik as griffier fungearret op alle mominten dat de griffier, dy't in dielbetrekking hat, ofwezich is. Om't de tarieding fan dit utstel plak han hat troch in part fan jimme ried wurdt ofsjoen fan in behanneling yn 'e kommisje en wurdt dit utstel rjochtstreeks oan jimme ried foarlein. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W. CHR. VROEGINDE WEI J

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 41