GEMEENTE 4 LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 maart 2003 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), F. Busser (GBL), A. Elgersma (GBL), R.A. Ketellapper (GBL), W.F. Ekas (GBL) en B. Lageweg (GBL). Wethalders: De hearen J.S. Keizer en J.W. Admiraal. Foarsitter: Boargemaster W.Chr. Vroegindeweij. Siktaris: De hear J.J. Kingma. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Iepening De voorzitter heet iedereen hartelijk welkom. 2. Ynsprekrjocht boargers. Geen meldingen. 3. Fragehealoere riedsleden. De FNP heeft drie vragen gesteld, waarvan een samen met het CDA, het CDA heeft nog een vraag en GBL heeft een vraag gesteld. De hear Dijkstra (FNP): Hat it kolleezje de sitewaasje fan de parkearfakken yn de Hazzelnutstrjitte besjoen en wat is de utkomst hjirfan? Ien en oar nei oanlieding fan de fergadering fan de Ferkearskommisje mei de portefuljehalder fan ferkearssaken yn april/maaie 2002. Wethalder Keizer: Der wurde twa parkearfakken untlutsen foar de yngong fan de underbou, sadat it der feiliger is foar oerstekkende bem. De wize fan utfiering is doedestiids oan de bewenners meidield. De hear Dijkstra (FNP): Krije de bewenners fan de Bjirkehof ek antwurd? Wethalder Keizer: By de fergadering fan buertferiening 'Tusken de Beammen' is dudlik wurden dat der oer de Bjirkehof gjin ekstra ferkearsofwikkeling plakfme sil. -1-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 5