De hear Roosma (PvdA): Het gaat allereerst om een principiele vraag. Vindt men een revolving fund noodzakelijk en dit niet vooraf laten afhangen van de fmanciele situatie. Gezien de politieke constellatie in het land zou men juist voor zo'n fonds moeten zijn. De raad moet aangeven waar zij voor wil staan en dan daama zou een verdeling aangegeven kunnen worden. Heeft een vraag over de 2e trance van het Bouwfonds. Mefrou Haites-Miedema (CDA): As der foar it funs keazen wurdt, dan moat der jild beskikber weze dat foar bepaalde projekten ynset wurdt. Jout de foarkar oan in pragmatyske benadering boppe in prinsipiele. De hear Roosma (PvdA): By de kar foar in ad hoc oanpak komt men net oan in struktureel belied ta. De hear Elgersma (GBL): It is moai om prinsipieel tewezen, mar men moat net ad hoc prinsipieel weze. By GB spilet benammen in rol oft de gemeente der wol jild foar hat. It funs is net 'onuitputtelijk' en it duorret in skoft foardat it jild weromkomt. Kiest foar in ad hoc belied as finansjele konsekwinsjes goed beljochte binne. De hear Doting (WD): Der stekt it gefaar fan in trechter yn. As it jild der net is, dan rint it fest. De hear Roosma (PvdA): Der is net in eksakt bedrach neamd, mar in suggestje. De hear Doting (WD): In struktureel bedrach is in brege te fier. Wol wat mear ynsjoch yn hoe't oare gemeenten gebruk meitsje fan it funs. Is foar in funs op ad hoc basis, as der jild is. De hear Dijkstra (FNP): Set it yn foar de 126 wenten dy't de gemeente taskikt binne. Giet derfan ut dat it kritearium fan de provinsje derfoar sosjale wentebou is. De hichte fan it bedrach hinget of fan it projekt. Kiest foar ad hoc, projektmjittige basis fan it funs. Boargemaster Vroegindeweij: Constateert in de raad redelijke eensgezindheid voor een fonds met een ad hoc aanpak. Het hele genoemde bedrag hoeft niet in het fonds. Wil graag richting van raad over keuze van beleidsterreinen, bijv. voor starters of woningverbetering. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Yn de evaluaasje stiet dat oan in wenningboukorporaasje in liening mei in lege rinte ferliend wurde kin om sa huzen mei in lege hier bouwe te kinnen. De hear Elgersma (GBL): Der sil hyltyd wer feststeld wurde moatte, hoefolle jild der beskikber is en wat foar kritearia der jilde moatte. De hear Roosma (PvdA): Elkenien kin oanjaan foar hokker 7 underdielen men al of net jild ynsette wol. De hear Doting (WD): De ried jout in ad hoc belied oan en no moat der net nei in strukturele oanpak werombugd wurde. De hear Roosma (PvdA): It kolleezje sil mei de projekten nei de ried weromkomme en dan is it goed om fan tefoaren oan te jaan hokker prioriteiten men stelt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 10