8. ABW beliedsplan 2003 Wethalder Admiraal: Wetlike foarskriften jouwe beheiningen. Yn advys wurdt der rekken mei halden. Mefrou Visser (PvdA): Het advies is helder. Geen antwoord op sollicitatieplicht. Als men geen perspectief heeft op werk is deze mate van sollicitatieplicht frustrerend. Probeer terughoudend te zijn t.o.v. deze categorie en daarom wordt het amendement gehandhaafd. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Kin meifiele mei yntinsje amendemint. Gean pragmatysk binnen de wetlike foarskriften mei sollisitaasjeplicht yn faze 4 om. Wurk is better as in utkearing, mar de oanbelangjende groep hat grutte achterstan ta de arbeidsmerk. Der moat by har earst ynset wurde op sosjale aktivearring. Yn de praktyk soms opfallende resultaten. Alles moat dien wurde oan begelieding nei wurk. Yn it begjin net tefolle druk op sollitaasjeplicht. De hear Busser (GBL): Yn it foarstel fan it kolleezje is de groep al utsplitst. Wurk giet uteinlik boppe utkearing. Mar der moat pragmatysk mei omgien wurde. It amendemint fan de PvdA giet wat te koart troch de bocht. De hear Tuininga (FNP): Tinkt der ek sa oer. It amendemint fait binnen de wetlike kaders. Wethalder Admiraal: Der is net altyd romte. Gemeente krijt ek kontrole hjirop en derom untriedt er de moasje. De strekking fan de opmerkingen is dudlik en der sil ek besocht wurde der pragmatysk mei om te gean. Praktyk is no ek al frij streng. Seit ta om praktyske gefallen te folgjen. Twadde termyn Mefrou Visser (PvdA): De wethouder kan zich in de strekking van het amendement vinden en constateert bij de raad moeite met het begrip terughoudendheid in de voorstellen. Het gaat de PvdA om de terughoudenheid wat betreft de sollicitatieplicht en niet t.a.v. rei'ntegratie en herkeuringen. Werk blijft ook voor deze groep een belangrijk doel. Misschien wordt met pragmatisch hetzelfde bedoeld als terughoudendheid. Handhaaft amendement. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Miening CDA ferskilt net folle fan dy fan PvdA. Gean der binnen de wetlike foarskriften sa kreatyf mooglik mei om. It oare, de sosjale aktivearring, is foar dy groep minsken ynearsten belangriker. De hear Busser (GBL): It giet benammen om de yndividuele benadering. Hat betrouwen yn it amtlik apparaat mei dy gefallen goed om te gean. Mei sollisitaasjeplicht de doar iepenhalde. De hear Tuininga (FNP): De sollisitaasjeplicht is wetlik festlein. Gean der foarsichtich mei om. De hear Doting (WD): Hat fertrouwen yn oanpak amtners. Net tsjin de regeljouwing yngean, want dan is der kans op boetes. De foarsitter: Bringt it amendemint fan PvdA yn stimming. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Fielt wol foar it amendemint, mar sit fest oan de wetlike ferplichtingen. De foarsitter: Vraagt of de PvdA het amendement wil aanvullen met de toevoeging 'binnen de wettelijke verplichtingen'. Mefrou Visser (PvdA): Vraagt om schorsing. De voorzitter heropent de vergadering om 22.20 uur. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 12