16. Amendement WD De foarsitter: Stelt het amendement van de WD (zie bijlage) aan de orde. De hear Doting (WD): Ljochtet de moasje ta. It giet net om asylsikers as sadanich, mar om in prosedurele ofhanneling fan korrespindinsje COA. Yn it riedsprogramma is festlein dat earst it belied fan it nije kabinet (Balkenende I) ofwachte wurde soe en dat it kolleezje demei mei in stanpunt komme soe. Dat leste is der net kommen. Derom de moasje fan de WD om it COA skriftlik yn kennis te stellen dat it fersyk fan it COA oangeande in festiging fan in AZC op grun fan maatskiplike untwikkelingen net mear relevant is en sadwaande no formeel ofwiisd wurdt. Wethalder Admiraal: Begrypt dat WD net mei skriftlik antwurd kolleezje tefreden is. It wurdt oan de ried foarlein. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Is net op de hichte fan brief fan it kolleezje oan de WD. Wethalder Admiraal: Hat de brief oan de griffier rjochte en is derfan utgien dat elke fraksje dy krigen hat. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Kin net meigean mei moasje. It earste kabinet Balkenende hat net folle tiid han en it twadde is der noch mar krekt en derom stanpunt derfan ofwachtsje. It kolleezje kin it COA fersykje of de oanfraach noch wol relevant is. Mefrou Visser (PvdA): Kan met CDA meegaan. Nu geen relevantie vaststellen. Brandhaarden kunnen zo weer voor nieuwe vluchtelingen zorgen. De hear Dijkstra (FNP): Freget him of oft it handich is om no op dizze wize dermei te kommen. Fynt it foarstel fan it CDA eleganter. De hear Tuininga (FNP): Kin wol mei de moasje meigean. De hear Ketellapper (GBL): Der hat gjin berjocht fan it COA west en dat is net alhiel korrekt. Der wurde yn dizze tiid in protte AZC's sletten en it hat gjin sin om dan de saak iepen te halden. Mocht der al ferlet fan komme, dan kin der wat oan dien wurde. Kiest derfoar in brief nei it COA te stjoeren, der't yn stiet dat it oan te nimmen is, omdat it COA net reageard hat, dat it COA gjin gebruk meitsje sil fan de fasiliteiten fan de gemeente. Is foar helderheid. Wethalder Admiraal: De situaasje kin feroarje. Der binne no minder asylsikers en it COA hat ek minder jild. Soe best noch wolris by de gemeente oanklopje kinne. Wol dan ek in wezentlik fersyk besjen kinne. Riedt oan om moasje oan te halden. De fraach fan it COA wie fan april 2001Nimt oan dat der wol in antwurd west hat. De foarsitter: In het oorspronkelijke situatie was er destijds een verzoek aan bijna elke gemeente in Nederland om een vorm van asielopvang te realiseren. Er is toen ook een tweede contact met de regiomanager geweest, maar op dat moment was daarover ook een discussie in de raad. In de brief is een tijdslimiet gesteld. De gemeente heeft door er niet op te reageren, vanwege de discussie die er speelde, eigenlijk een antwoord gegeven. Daarna heeft het COA nooit meer rechtstreeks de vraag bij de raad neergelegd en schijnt er dus geen behoefte aan te hebben. Vraagt zich af of reactie van de raad wel of niet naar het COA gestuurd moet worden. Twadde termyn 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 15