GEMEENTE LJOUWERTERADIEL 11 Riedsgearkomste: 18 septimber 2003 Utstelnumer: 2003/47 Behan. amtner: Gerrit de Vries E-mail: gerrit@leeuwarderadeel.nl Tillefoannu.: 058 - 2576617 Stiens, 11 septimber 2003 Underwerp: Twadde faze fan de Aksje - 25% Ferkearsslachtoffers Beslut dat nommen wurde moat: Meidwaan oan de Aksje - 25% Ferkearsslachtoffers Faze II werby't wat de utfiering oanbelanget dan gearwurke wurde sil mei de gemeente Ferwerderadiel. Koarte ynhald: Dizze aksje is it ferfolch op in eardere lanlike aksje mei it doel om it oantal ferkearsdeaden en (sikehus)ferwunen ferminderje te litten. Ynlieding: Fan 1987 oant 2000 run de lanlike "Actie - 25% Verkeersslachtoffers" mei it doel om it oantal ferkearsdeaden en sikehus(ferwunen) drastysk ferminderje te litten. De gemeente Ljouwer- teradiel die ek oan dy aksje mei yn gearwurking mei Ferwerderadiel. It risseltaat dat men foar eagen hie, in fermindering fan 25% ferkearsslachtoffers, waard net helle, mar it sakjen fan it oantal mei 18% yn Fryslan yn fergeliking mei in lanlik gemiddelde fan 8% is hiel behoarlik. Yn it ramt fan it "Tweede Structuur Schema Verkeer en Vervoer" wie de Aksje - 25% allinnich mar in tuskendoel nei it jier 2010 ta. It "Provinciaal Verkeer en Vervoer Plan"(PVVP) ken ek in doelstelling nei it jier 2010. Troch it Ryk is steld dat de ambysjes oangeande de doelstelling foar de ferkearsfeiligens foar 2010 faaks bysteld wurde moatte soene yn ferban mei net foldwaande beskikbere fmansjele middels. It ROF en it Ferkearsoerlis OVVF hawwe harren lykwols utsprutsen foar it heech halden fan de besteande ambysje en sille by need alternative finansieringsboamen oanboarje. It ROF is dan ek op 5 maart 1.1. utein setten mei in nije kampanje foar ferkearsfeiligens: "Actie - 25% Verkeersslachtoffers Fase IIIt doel is om it oantal deaden en (sikehus)ferwunen yn it Fryske ferkear ferminderje te litten mei 25% (it doelgetal) yn it jier 2010 yn fergeliking mei it gemiddelde fan de jierren 1997, 1998 en 1999 (it peilgetal). It peilgetal leit foar us gemeente op 15 en it stribjen is om dat yn 2010 werom te bringen nei 11. Foar hiel Fryslan leit it peilgetal op 1295 en it doelgetal op 971. Alle Fryske gemeenten wurdt frege om in riedsbeslut foar it dielnimmen oan de aksje. Fierder sille ek de provinsje en rykswettersteat frege wurde.om te partisipearjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 73