Fan de gemeenten dy't meidogge wurdt frege om in Aksjeplan Ferkearsfeiligens op te stellen foar de periode dy't de Aksje - 25% beslacht. Yn dat plan jout de gemeente oan wat der undemommen wurde sil op it med fan Edukaasje, it Hanthavenjen en Foarljochting foar ferskate leeftydsgroepen. Koartsein, gedrachsbeynfloeding stiet sintraal. Alle gemeentlike aksjeplannen sille yn 'e mande mei de ynbring fan it Ryk en de provinsje bondele wurde ta it "Friese Actieplan Verkeersveiligheid" oant 2010. De gemeente Ljouwerteradiel sil mei Ferwerderadiel gearwurkje om in aksjeplan op te stellen. Arguminten: It oanpakken fan ferkearsunfeiligens is primer in taak fan de oerheid. Yn dat ramt past ek it meidwaan fan gemeenten oan de Aksje -25% werby't it aksint leit op Edukaasje, it Hant havenjen en Foarljochting. Dat slut ek wer nau oan op de earste faze fan it projekt Duurzaam Veilig Verkeer werby't ynfrastrukturele maatregels sintraal stiene. Finansjele taljochting: Oan de dielnimmers fan de aksje sil it beqiinbedrach oermakke wurde fan 1000 de gemeente yn kombiftaasje mei in bedrach fan 0,10 de ynwenner. Nei it yntsjinjen fan it gemeentlike Aksjeplan Ferkearsfeiligens (2004) sil in planpreemje takend wurde fan op syn minst 0,40 de ynwenner fan de gemeente. De totale utfiering fan it aksjeplan wurdt troch it ROF raze op sa'n 10.000. Minus it begjinbedrach en de planpreemje (yn totaal likemoch 6000 bliuwt der in gemeentlike bydrage oer fan sa'n 4000 oant 2010. Dat bedrach komt foar rekken fan de begratting foar 2004 om't de kosten dan ek pas makke wurde sille. Utfieren/ofhannelj en Opstellen aksjeplan mei Ferwerderadiel foar 1-1-2004. It ROF stipet en fasilitearret derby. Evaluaasje: Kommisje: Gearkomste 4 septimber 2003 Advys/oardiel: De kommisje kin ynstimme mei it utstel. Bylagen: Stikken dy't op besjen lizze: b&w-advys, korrispondinsje ROF Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J. KINGMA M WWCHR. VROEGINDE WEI J

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 74