De hear Doting (VVD): Hat der argewaasje fan dat in besliit net weromnommen wurde kin.
Is it hielendal iens mei de hear Ketellapper.
De hear Dijkstra (FNP): It is net sinfol om no alles opnij te bestimmen. Letter kin men wer
opnij oerwage, wat in bestimming foarsjenning of bestimming reserve hawwe moat.
Twadde termyn
De hear Ketellapper (GBL): Sitearret ut de algemiene skogings fan FNP, PvdA en CD A,
der't ut bliken docht dat de finansjele posysje fan de gemeente der de kommende jierren net
sa best litsjocht. Snapt net dat der no net nei syn oprop harke wurdt. By it besliit in tal wiken
lyn binne 'valse voorwendsels' tinder it mom fan ynkommenspolityk brukt.
Mefrou Visser (PvdA): Vindt deze beschuldiging beneden de maat.
De hear Ketellapper (GBL): Der wie in ferwyt fan ynkommenspolityk by it foarstel fan GBL
om jild te bewaijen foar minsken dy't dat aanst it meast nedich hawwe. De minsken sille
dizze gong fan saken net begripe kinne. De gemeente ropt sa it faillissemint oer him of.
De hear IJkema (CDA): Wijst erop dat GBL ook 225.000 uit het rekeningresultaat wilde
bestemmen en bij de drie amendementen van vanavond ook het rekenoverschot aanspreekt.
Mefrou Visser (PvdA): GBL wilde ook 225.000 bestemmen. Het andere voorstel is goed
toegelicht en op een democratische wijze is daartoe besloten.
De hear Doting (VVD): Tinkt dat it argumint fan ynkommenspolityk doe net teijochte wie.
De hear Dijkstra (FNP): Alle saken rinne trochinoar. Bliuwt by it eardere besliit.
De foarsitter: Der wurdt ta de nota besletten mei ynachtnimming dat VVD en GBL achte
wurde wolle tsjinstimd te hawwen op it underdiel om 225.000 te bestemmen foar in
algemiene lestefermindering yn 2004.
Hammerstikken
9. Planskeafergoeding Lytse Dyk 11 yn Britsum
De foarsitter: Derta wurdt besletten.
10. Planskeafergoeding Grine Leane en Perzenstrjitte yn Stiens
De foarsitter: Derta wurdt besletten.
11. Ferlingen stjoertiidtawizing Stichting Radio Middelse
De hear Roosma (PvdA): Merkt op dat de ried net earder op 'e hichte wie fan de te nimmen
besluten 11 en 12. Kin der wol mei ynstimme.
De foarsitter: Derta wurdt besletten.
4