Wentebou foar starters. Foarsitter, koartlyn stie der in artikel yn'e kranten dat de Corporatieholding Fryslan plannen untwikkelje wol oer de realisaasje fan keapwenten foar "starters". Om in idee te krijen hoe ien en oar te realiseaijen is, ek yn it ramt fan wentebou foar doelgroepen, soe it winsklik weze dat it kolleezje kontakt opnimt mei de wenningbouferiening Mercatus yn Flevolan Dizze wenningbouferiening hat al utfieringsplannen op de planke klear lizzen om yn Emmeloard keapwenten foar "starters" te realiseaijen. Foar us gemeente is it net allinnich nijsgjirrich om keapwenten foar "starters" te realiseaijen, mar ek om hierwenten foar deselde doelgroep mooglik te meitsjen. Mei help fan it op priemen steande gemeentlik beliedsplan "Revolving Fund Volkshuisvesting" moat it mooglik weze om op projektbasis mei de Corporatieholding Fryslan sawol keapwenten as hierwenten foar de "starters" te realiseaijen. Sintrumplannen Stiens. Foarsitter, yn it begjin fan dit jier hawwe wy in busreiske han om ferskate oplossingen te besjen fan sintrumwerynrjochtings. It wie tige nijsgjirrich, mar itjinge foar de FNP noch folle nijsgjirriger is, is hoe't no einliks de flagge der by hinget oangeande de finansiering fan de private partij yn de sintrumplannen fan Stiens. It gefoel dat wy hjirby hawwe is net bepaald noflik te neamen. Ek sjoen de opskuor dy't untstien is nei it lanseaijen fan mooglike baatbelesting foar de boarger dy't yn it sintrumgebiet wennet. Kin de konkluzje lutsen wurde dat de private partij mei "voortschrijdende inzichten" te krijen hat en dat dertroch de finansiering fan de sintrumplannen wolris faai wurde kin? As dat sa is, dan is it saak dat de ried de plannen oanpast te'n geunste fan it winkeljend publyk, dat te gean of mei de fyts boadskippen docht. BSO. Foarsitter, sa'n seis moanne lyn stie der in stikje yn'e Stienzer Omropper mei de gjolp: "Doorbraak in de BSO". Wie it mar wier. It hie wol kinnen as it idee fan de FNP in kans krigen hie. Lykas yn Almelo woe de FNP dat ek yn Ljouwerteradiel de butenskoalske bemeopfang yn guon kantines by sportkompleksen underbrocht wurde soe. Dermei koe dan einliks in ein komme oan it gehannes mei de BSO, en tagelyk koe us gemeente ynfolling jaan oan it lanlike projekt Breedtesport. Sa't it der no foar stiet mei de BSO komt it nea ta in utdragen saak. De opsje Talant yn de Gysbert Japikxstijitte is te djoer, underbringe by de skoallen skynt sa mooglik noch problematysker te wezen, nijbou by de Skalm kinne wy wol feijitte, lykas it oankeapjen fan it aide Griene Krusgebou njonken de Skalm,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 27