GEMEENTE 4 LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 11 desimber 2003 om 19.30 oere vn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (VVD), S.R. Roosma (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), B. Lageweg (GBL), W.F. Ekas (GBL) F. Busser (GBL), A. Elgersma (GBL), en R.A. Ketellapper (GBL). Wethalders: De hearen J.S. Keizer en J.W. Admiraal. Foarsitter: Boargemaster J. Bosma. Griffier: De hear J. Wever. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Iepening. De foarsitter hyt elkenien wolkom. Dielt mei dat Mefirou Hottinga-Mulder wat letter komt. 2. Fragehealoere boargers. De hear Van der Schel (oer punt 12): Sjochbylage. 3. Fragehealoere riedsleden. De hear Roosma (PvdA): De PvdA hat 4 fragen. Oer OVL enbaatbelesting (mefrou Visser), fytspaad Menno van Coehoomwei en Vriemee (de hear Roosma) en BSO (mefrou Oppenoorth). Sjochbylagen. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Hat fragen oer Vriemee. Sjoch bylage. De hear Ketellapper (GBL): Slut him by de fragen fan PvdA en CDA oan. Is ek benijd nei it ferrin fan it petear dat de boargemaster de wyks derfoar mei de omwenjenden han hat. De hear Doting (VVD): Wol witte op wat foar tennyn it ferkearsbeslut foar de Griene Leane deroan komt. Is der noch ynformaasje oer de goedkarring fan de begrutting troch de provinsje? En binne foar de oanskaf fan it nije meubiler ek rnear bedriuwen om in offerte frege? De foarsitter: Op 17 novimber hat it kolleezje de bewenners fan de Tsjeme in brief stjoerd. Oanlieding wie it net helje kimien fan de untromming en feroaring fan de bestimming fan Vriemee foar 1 january 2004. Op fersyk fan de buert hat der doe in petear mei de boargemaster west. Hat as antwurd jun dat in privaatijochtlike basis fan in oerienkomst de iennige metoade is om jins doel te berikken. Unteigening is it uterste middel, mar dat kin wol 10 jier duoije. Men moat ta oeriensthnming mei it bedriuw fersykje te kommen. Derfoar moat troch de gemeente bean wurde. De wiziging fan de bestimming (fan bedriuw nei wente) en it ynluken fan de miljeufergunning kin allinne as de oerienkomst derunder leit. Oan de oare kant kin men net fan de partner ferwachtsje dat alle bedriuwichheid fuorthelle wurdt, wylst de bestiimning noch net feroare is. Fynt de reaksje fan de bewemiers dat alles perfoarst per 1 january regele weze moatten hie en dat it gemeentebestjoer te koart sketten is te koart troch de bocht. Benammen omdat it doel yn de koarte takomst berikber is. Wiist op in goed artikel dat yn De Ljouwerter Krante hjiioer stiet. De gemeenteried moat noch it bestimmingsplan wizigje. Op 8 january is der in petear mei it bedriuw en de ynset is it beeinigjen fan de bedriuwsaktiviteiten. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 5