Wethalder Keizer: Hat de needsaak fan de baatbelesting net earder by de provinsje checkt, omdat der gjin sinjaal wie dat soks nedich wie. De adviseurs kinne net foar de makke kosten oanspraaklik steld wurde, omdat dy yn goeder trou hannele hawwe. Boppedat kinne de utgongspunten fan de baatbelesting brukt wurde foar de frijwillige bydragen. Alles wurdt foar it projekt op in rychje set en as alle jildstreamen ynsichtlik binne, dan is in mooglik gat sichtber en kin it kolleezje deroer nei de ried komme. De oanpak fan de Wylpstijitte hat 4 dagen opunthald han troch de froast, mar leit fierder aardich op skema. It bestjoer fan OVL is net op 'e hichte brocht fan it net trochgean fan de baatbelesting. De wethalder hat twa kear deroer syn ekskus oanbean. Nettsjinsteande dat hat it bestjoer fan OVL miend om twa dagen foar it petear mei it kolleezje yn de Stienzer Omropper de gemeente 'in streek oer de bealch' jaan te moatten. Dat is gjin basis foar oerlis. As OVL derop weromkeart, dan wol de gemeente wol wer mei har om tafel sitte. Femuvert him oer de fragen oer it fytspaad Menno van Coehoomwei. De fraksje koe ommers yn de beslutelist fan it kolleezje leze, dat der in proef rint mei in fytspaad oan ien kant en dat de oerstek der net mear is. Der kin elk momint in ferkearsbeslut komme. Oer de Griene Leane komt net earder in ferkearsbeslut as wannear't de oare maatregels effektueard binne. Wethalder Admiraal: De BSO is festrun hy de Skule om finansjele redenen. Der is no in petear mei in oare partij. Kin yn dit stadium deroer gjin ynformaasje jaan. De foarsitter: De brief fan de provinsje oer de begratting moat noch ofwachte wurde. As dy binnenkomt en it kolleezje der in reaksje op jout, dan wurdt de ried ynformeard. De griffier: Er is aangesloten bij het bestaande meubilair in de hal. Daarom heeft men die leverancier benaderd. Twadde termyn De hear Ketellapper (GBL): Fynt it attint fan it kolleezje dat men mei brief yn novimber ynformaasje jun hat oer situaasje Vriemee. It is spitich dat alles in moanne letter wurdt. Doedestiids is ofsprutsen dat de ofspraken by de notaris op papier komme soenen. Dat is net bard. Yn de kommunikaasje oer de baatbelesting mei OVL is der wat misgien. It sune ferstan moat foarop en it kolleezje moat besykje om de kontakten wer iepen te brekken. De hear Elgersma (GBL): De foarige kear hat de wethalder itselde antwurd oer de BSO jun. Hoe lang sille hnderhannelingen noch duoije? De hear Dijkstra (FNP): Men mocht de briedende hin (BSO) net steure. It binne sa hast kwaaien ynstee fan aaien. Soe in stappeplan hawwe wolle yn de oerienkomst mei Vriemee om yn it hiele trajekt in stok achter de doar te halden. OVL hat sels by eigen leden ek undersyk dien nei baatbelesting. OVL en kolleezje moatte wer mei inoar yn petear. Mefirou Visser (PvdA): Je hoort van alles over OVL. De plannen moetenniet gefrusteerd worden door zaken als razies. Op een bepaaldmoment moet men over gevoeligheden heen stappen om weer met elkaar in gesprek te komen. De hear Roosma (PvdA): De fraksje hat de oanpak fan it fytspaad net ut de kolleezjestikken opmeitsje kinnen, mar is bliid mei de beskreaune oanpak. De yllegale situaasje fan de oerstek moat opheven wurde. Krijt by Vriemee de yndruk dat der gjin basis foar in oerienkomst is, mar dat it by in yntinsje bliuwt. De omwenjenden feiwachtsje mei ijocht de grutste ynset fan it kolleezje om de saak der op 'e tiid oan de kant te hawwen. It is net dudlik hoe't de fl 400.000 utkeard wurdt. Mefrou Oppenoorth (PvdA): Het is jannner dat Talant blijkbaar te duur uitgevallen is in zake een oplossing voor de BSO. Wenst de wethouder sterkte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 6