De hear Dijkstra (FNP): Der is no dudlikheid oer de proseduere en it kolleezje kin der foar gean. Wethalder Keizer: Der sil op tafersjoen wurde dat it gebou sa min mooglik oantaast wurdt. Wierskynlik gjin assimilaasjeferljochting. Deroer de finger oan de pols halde. De foarsitter: Konstateart dat de ried de sekerheid hawwe wol dat der sok ljocht net komt. Der wurdt neffens it foarstel besletten. 7. Oanskaf fan nij ark foar de bestriding fan gledens Stienstra (CDA): Stelt fest dat er de leste tiid net folle byfal krigen hat foar syn freegjen fan omtinken foai' it utbringe litten fan meardere offertes, mar konstateart dat it dizze jun de goede kant utgiet. Sil yn it nije jier mei in foarstel komme om dudlikheid oer de ofspraken te krijen. Is no akkoart fanwege de tiid. De hear Roosma (PvdA): It is tiid om gedrachsregels fest te stellen omtrint offertes. Dat soe mei de griffier utsocht wurde kinne. De hear Ekas (GBL): Er bestaan daarover al afspraken. De hear Roosma (PvdA): It kolleezje moat derop ferge wurde om de regels ut te fieren en derom de feststelling fan dy regels. De hear Ekas (GBL): Wijst er nog eens op dat de regels er al zijn en dat het college daar gehoor aan moet geven en bij uitzonderingen op de regel moet dat aan de raad voorgelegd worden. De hear Doting (WD): Stipet it idee fan it CD A. Yn dit gefal hat de utlis diidlik genoch west en derom akkoart mei it foarstel. Wethalder Keizer: De ried hat op dit stik fan saken gelyk. Der wiene lykwols motiven om itoars te dwaan. Der is ynformaasje by ferskillende gemeenten en de provinsje frege en dit materieel kaam der goed ut. Boppedat wurdt it underhald troch deselde firma dien. De gemeente hat foai" dit soarte fan saken net de kennis yn hus. Foar it wiete struien kin it materieel terjochte by it provinsjale taappunt. De foarsitter: Stelt fest dat der in kademotysje oer offertes leit en dat by ofwieken derfan dat oan de agindakommisje mei arguminten foarlein wurdt. Twadde termyn Stienstra (CDA): Kinne dy regels nochris tastjoerd wurde? De foarsitter: It kolleezje sil de ofspraken nochris op papier festlizze. Der wurdt fierder neffens it foarstel besletten. Hammerstikken 8. Regiofisy De foarsitter: Delta wurdt besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 9