GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4a Ferslach fan de bvsundere riedsgearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 19 february 2004 om 19.00 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (VVD), S.R. Roosma (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), W.F. Ekas (GBL), F. Busser (GBL), A. Elgersma (GBL), en R.A. Ketellapper (GBL). Wethalders: De hearen J.S. Keizer en J.W. Admiraal. Foarsitter: Boargemaster J. Bosma. Griffier: De hear J. Wever. Mei berjocht fan behindering ofwezich: B. Lageweg (GBL). De foarsitter iepent de bysundere gearkomste fan de ried. Der is mar ien agindapunt en dat is de feststelling fan de oanbefellings foar de kandidaat foar de nije boargemaster. Jout it wurd oan de foarsitter fan de fertrouwenskommisje mefrou Haites-Miedema. Mefrou Haites-Miedema (CDA): De fertrouwenskommisje is nei goed bereid unanym ta de neikommende foardracht kommen: Op numer 1 de hear Eric ter Keurs ut Siddeburen en op numer 2 de hear Paul Scheffer ut Zoetermeer. Der is earst mei 6 kandidaten praat en nei de earste ronde foelen der trije of. Nei de twadde ronde wienen dat de boppeneamde twa. Der is goed gearwurke yn de kommisje. De hear Ketellapper (GBL): Yn de sletten gearkomste hjiroan foarof wie elkenien te sprekken oer de foardracht. Betanket mefrou Haites-Miedema foar de perfekte utfiering fan it foarsitterskip fan de fertrouwenskommisj e. #De foarsitter: Betanket de fertrouwenskommisje foar it goede wurk. De oanbefelling giet nei de kommissaris en de minister. De griffier Er is iets veranderd. De aanbeveling gaat rechtstreeks naar de minister en de commissaris krijgt er ook bericht van. De hear Stienstra (CDA): Wiist derop dat de ried noch in beslut nimme moat. De foarsitter: Derta wurde stimbryfkes utdield. Ut de utslach docht bliken dat de ried (14 stimmen) unanym de foardracht fan de kommisje folget. De foarsitter lest demei it parseberjocht foar en slut dan de gearkomste om 19.20 oere. feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 25 maart 2004, 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 griffier, J (A

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 103