GEMEENTE LEEUWARDERADEEL De hear Roosma (PvdA): Lytsskalich kin belutsen weze op oantal of foarm. Minsken hawwe derby it gefoel dat sy in eigen foardoar hawwe. De gemeente kin soarchkontinginten by de provinsje oanfreegje. De PvdA hat de notysje oan alle partijen skreaun. De soarch is foar de merkpartijen, wolwezen is foar in part gemeentlik en foar in part privaat en foar it wenjen moat de gemeente stappen undemimme. Is bliid mei de adhesy fan Palet; de ried wurdt eins om in rezjyfunksje ffege. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Freget har of wa't bepale moat hoe't de ideale alderensoarch derut sjocht en hoe't bygelyks yn lytsskalige klusters de profesjonaliteit garandeard wurde kin dy't yn bepaalde fazes nedich is. Lit de misken dy't der ferstan fan hawwe mei in fisy komme. De alderensoarch is in earste ferantwurdlikheid fan de sintrale oerheid. It wolwezen is in gemeentlike taak en yn it platfoarm kin deroer in fisy untwikkele wurde. It platfoarm skynt wer aktyf te wezen. Deryn untbrekt Interzorg. De hear Busser (GBL): Wol mear dudlikheid oer de oerheidsfmansjes (punt 1.1.6). En hoefolle amtlike ynset wurdt der frege? De rol fan de gemeente is mear koordinearend en tasichthaldend. De hear Dijkstra (FNP): De partijen yn it fjild moatte oanjaan wat sy wolle en de gemeente kin derop tasjen. Mefrou Oppenoorth (PvdA): Wijst erop dat de laatste jaren veel meer met kleinschalige clusters wordt gewerkt, waardoor dementerenden langer actief blijven. Welzijn is een taak van de gemeente, zie de WVG. Heeft het gevoel dat de raad positief is over de actie van de PvdA. Het platform moet weer nieuw leven ingeblazen worden. Het stuk zal met aanvullingen aan het college aangeboden worden. Die heeft dan een kader, dat het college nader kan invullen. De hear Busser (GBL): Vindt het een voorbarige conclusie dat de raad zich in het stuk kan vinden. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Dy konkluzje gie yndied te fier. Nimt oan dat de PvdA goed nei de opmerking harke hat. Besprekpunten 7. Bygebouregeling De hear Dijkstra (FNP): Kin him yn grutte linen fine yn it stik. Mist in dudlik omskriuwing fan de begipen 'oerkaping' en 'bouwurken'. Hie dat leaver yn de kommisje han. Stienstra (CDA): Fynt it spitich dat de underlizzende stikken net by de riedsleden en skaadffaksjeleden kommen binne. Men wol ommers de boarger by de polityk beluke. Hat in ffaach oer de ferromming fan it oerflak fan bygebouwen fan 50 nei 60 en by frijstelling nei 100 kante meter. Hoe sit it dan mei de rjochten fan de buorlju? De hear Roosma (PvdA): Fynt it ek spitich dat it stik net tastjoerd is. De bestimmingsplannen binne suver achterhelle troch it beslut oer fergunningsfrije en lichtfergunningsplichtige bouwurken. 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 10