GEMEENTE LEEUWARDERADEEL De toetsing fynt no plak by de oanfraach fan de boufergunning. De regels moatte strak troch it kolleezje hanteard wurde. Wat is de trochwurking nei de bestimmingsplannen? De hear Ketellapper (GBL): It is rommer dan it wie en it is dudliker. Wachtet de antwurden fan de wethalder op de fragen of. De foarsitter: It bliuwt in lestige fraach wat foar stikken al of net tastjoerde wurde moatte. It is net in saak fan unwil. Wethalder Keizer: De ried bepaalt oft der earst oer details yn de kommisje praat wurde moat. By in frijstelling (nei 100 kante meter) moat in aparte ofwaging hawwe. De belanghawwenden kinne beswieren meitsje. Yn bestimmingsplannen dy't aktualiseard wurde, deryn wurdt it direkt meinommen. Yn besteande bestimmingsplannen wurdt derop antysipeard. Twadde termyn De hear Dijkstra (FNP): It giet him derom dat de ofmjittingen fan de oerkapingen en bygebouwen net omskreaun wurde. Yn de praktyk rint er faak tsjin problemen oan. Wethalder Keizer: De ofmjittingen binne ofhinklik fan de grutte fan it perseel. In oerkaping is in bygebou. Stienstra (CDA): Wiist derop dat goathichte en nokhichte fan it haadgebou ek mei de ofmjittingen fan in bygebou bepale. De foarsitter: De bygebouweregeling wol mear ienheid skeppe. Foar mear ynformaasje kin de hear Dijkstra by de wethalder teijochte. Derta wurdt besletten. Hammerstikken 8. Bestimmingsplan Jelsum wiziging art. 30 WRO De foarsitter: Derta wurdt besletten 9. Begruttingswizigings De foarsitter: Ljochtet ta dat it neat utmakket oft it hjir om in bestimmingsreserve of de algemiene reserve giet. It wurdt as koarting 50) op de algemiene lesten, der't de OZB underdiel fan is, yn mindering brocht. De hear Lageweg (GBL): Moat de gemeente der letter net de rekken fan betelje fanwegen de kompinsaasjeregeling? Mefrou Visser (PvdA): Vergelijkt de korting met de Zalmsnip. Het gaat niet van de OZB af. De hear Doting (WD): Hy dielt de soarch fan de hear Lageweg. De WD kin him der net yn fine. 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 11