GEMEENTE LEEUWARDERADEEL De Keuringdienst van Waren kan de gemeente als beheerder van het complex daarvoor een sanctie opleggen van 300. Elke volgende geconstateerde overtreding wordt gesanctioneerd met 2.400. De WD hoopt dat het college het zover niet zal laten komen en binnenkort actie ondemeemt. Wethalder Keizer: De dyk leit der yndied net goed by, mar de oanpak fan de Skredyk hat no earst foarrang. In herprioritearing soe earst yn de kommisje oan bod komme moatte. It kolleezje wachtet noch op in reaksje fan Doniastate oer it oplossen fan de parkearproblematyk. In 30km sone kin net sa mar yn it butengebiet ynfierd. Boppedat sil de plysje net kontroleare as de dyk net as sadanich ynrjochte is. Matchpoint, de kantine yn de sporthal, is in kommersjele ynrjochting en it smoken is der tastien. De hear Doting (WD): Men soe by Doniastate fysike maatregelen nimme kinne. De sporthal is dochs in iepenbier gebou. It is in underdiel fan it sportkompleks. De hear Lageweg (GBL): Men kin it bestjoer oer it smoken oanskriuwe en in stikje yn de Stienser Omroeper pleatse. Soe in beslut nimme wolle, ek mei it each op it gemeentehus, dat de smoker sels de bekeuring betelje moat. Stienstra (CDA): Der binne him ek klachten fan de omwenjenden fan Doniastate bekend. It is der in hiel gefaarlike situaasje. De wethalder soe Doniastate under druk sette kinne. De hear Roosma (PvdA): It parkearprobleem moat der ut de wei. De oanpassing fan de snelheid nei 30km sa net utfierber weze. Siket in oplossing yn in oare ijochting: bygelyks in fuotpaad demeist. De hear Ketellapper (GBL): Freget de wethalder om wer kontakt te sykjen mei Doniastate om de problemen sa flot mooglik op te lossen. Wethalder Keizer: Dielt de soargen fan de ried. Doniastate soe derop weromkomme. Earst moat it parkearprobleem op lost wurde en dan kin oan de ynrjochting fan de dyk tocht wurde. Fynt de suggest)e fan it fuotpaad net unaardich. Hopet deroer yn de takomst mei foarstellen nei de ried komme te kinnen. Sil neisjen hoe't it mei it probleem fan it smoken en de ferantwurdlikheid sit. De foarsitter: Wiist der nochris op dat de eigner oanspraaklik is. De hear Lageweg (GBL): Men kin dochs wol yn in riedsbeslut festlizze dat de bekeuring op de smoker ferhelle wurdt? De foarsitter: Twifelt oan it leste. Wethalder Keizer: Wiist der nochris op dat Matchpoint gjin iepenbier gebou is. 4. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan 11 desimber 2003 De foarsitter: De beslutelist wurdt sunder wiziging goedkard en feststeld. 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 7