GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 5. Ynkommen stikken en meidielings Numer 5: Mefrou Visser (PvdA): De buurtvereniging Twa yn Ien heeft een goed initiatief genomen. Zij pleit voor uitvoering van de suggestie. De hear Elgersma (GBL): Men moat sokke goede inisjativen stypje. Fynt de warskoging foar mooglike claims wat minder sympatyk. De hear Tuininga (FNP): It is in goed boargerinisjatyf. Hat de situaasje besjoen en fynt dat it oanpakt wurde moat. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Is it iens mei it foarstel. Wethalder Keizer: It kolleezje sil it fuortsette yn de organisaasje. Der sil besocht wurde om in goede oplossing te finen. Numer 10: Mefrou Oppenoorth (PvdA): Heeft vragen over de verkoopregeling voor huurhuizen. In Koamjum en Jelsum mag niet meer bijgbebouwd worden. De corporatie heeft geen terugkoopplicht. Wil dat het convenant opnieuw bekeken wordt, gezien de veranderende marktsituatie. Geen verkoop van huurwoningen, tenzij de corporatie terugkoopplicht heeft of het hele convenant herzien. De hear Dijkstra (FNP): De FNP hie deselde fragen. Der moat in mooglikheid bliuwe om in hus hiere te kinnen. Hat earder in brief oer keuzewenten (Roptastins) oan de wethalder foarlein en hat der neat mear fan heard. De bewenner hat sels de saak foarlein oan de Vereniging Eigen Huis en de gemeente soe har foardiel dwaan kinne mei de reaksjes fan dy kant. Wethalder Admiraal: Oer de brief fan de bewenner binne gjin ofspraken makke. Yn de foarlizzende brief wurdt de problematyk sketst. It yndied tiid foar in nij konvenant. De gemeente wol der mear sicht op halde: De wenningboukorporaasjes hiene ek te meitsjen mei ryksbelied. It tal hierwenten en de spesifike situaasje moat per doarp besjoen wurde. De ried wurdt derfan op de hichte halden. Mefrou Haites-Miedema (CDA): It soe goed weze derop te letten dat de wenningboukorporaasje in weromkeapplicht en net in weromkeapijocht hat. De terminen moatte derby ek feststeld wurde. De hear Dijkstra (FNP): Kinne de riedsleden de tuskenbalans ynsjen? Wethalder Admiraal: Iepenbier stikken kin men altyd ynsjen. 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 8