Mefrou Haites-Miedema (CDA): Wierskynlik is der in ferskillende monitor besjoen. Der stiet noch altyd net bestjoersynformaasje (ferslaggen riedsgearkomsten en kommisjegearkomsten) op de webside. De hear Lageweg (GBL): Hat it amtlik apparaat wol de kennis en de kunde om dat te dwaan? Is der wol genoch tiid foar? De hear Ekas (GBL): Er is een norm 0,4 fte afgesproken. Wordt dat benut en is dat voldoende? Mefrou Oppenoorth (PvdA): Waar komt het rapport ter inzage? Boargemaster Bosma: Digitale stikken soene op de webside kinne. Der sil sjoen wurde nei de kommisjestikken oft dy der ek op kinne. It wurdt agindeard foar de kommisje. De hear Stienstra (CDA): Hat ffagen (ek ut namme fan de WD) oangeande de gunning fan de ferbouwing fan de Paedwizer. Om folweardich partij te wezen yn de underhannelingen mei in private partij is kennis en fmderfming nedich. Binne dy yn de organisaasje foldwaande oanwezich of wurde der minsken foar ynhierd? Boargemaster Bosma: De kar is makke op basis fan kompetysje. As der in bod dien wurde moat op de gran, hat de heechste bieder de measte kans. De heechste bieder hie ek it neffens it kolleezje beste plan. Men kin dan net opnij underhannelje. De litwurking fan it plan komt nei de ried, want it bestimmingsplan moat wizige wurde. By it bestimmingsplan kin de ried syn miening deroer jaan. Twadde termyn De hear Stienstra (CDA): Dan praat de ried allinne oer it bestimmingsplan. De twadde traacti is noch net oeantwurde. De hear Ketellapper (GBL): Kinne wy sels de priisstelling utlizze? Is de priis goed ynskat? Men moat jin offreegje oft men genoch of wit fan de priisstelling. De priis net fan bieders ofhingje litte. Boargemaster Bosma: It kolleezje hat it plan beoardield. It moat noch de komplete rate folgje. By de folge proseduere, it utnoegjen fan trije undemimmers, dan moat men de heechste bieder it plan gunne. Ut de merk blykt dat dit de priis is en oars hie de proseduere oars moatten. De hear Ketellapper (GBL): Hat allinne de boekwearde heard. Men moat witte wat ungefear de priis is. Oars is men hiel ofhinklik. It moat konfoarm de merk weze. Boargemaster Bosma: It oantal wenningen en de gran is oan inoar keppele foar de priisstelling. De hear Doting (WD): Hat de fraach mei it CDA steld. Yn hoefier soe it goed weze om kennis yn te hieren om goed sokke underhannelingen yngean te kinnen?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 7