GEMEENTE LJOUWERTERADIEL 8 Stiens, 29-03-2004 Riedsgearkomste: 27 maaie 2004 Utstelnumer: 2004/39 Amtner.: E-mail: Tillefoannr. J.S. Bos j .bos@leeuwarderadeel.nl Underwerp: 058-257 66 70 'Welstandsnota Leeuwarderadeel' Beslut dat nommen wurde moat: Stel de 'Welstandsnota Leeuwarderadeel' test mei de 'snelheidscriteria' dy't der by hearre. Koarte ynhald: De gemeenteried is ferplichte om in wolstansnota fest te stellen om yn de takomst noch fierder in wolstanstoetsing utfiere te kinnen. Ynlieding: Mei it wizigjen fan de Wenningwet op 1 jannewaris 2003 moat de gemeenteried in wolstansnota feststelle. Oan 'e han fan de wolstansnota kin tenei de wolstanstoetsing plak ha. Dy nota moat op syn lest 1 july 2004 feststeld weze, oars mei der gjin wolstanstoetsing mear plak ha. Dat fine wy net winsklik. Foar in taljochting op de bedoelings en eftergrun fan de wolstansnota ferwize wy jimme nei de ynlieding fan de nota (de nota is in bylage by dit utstel). De nota bestiet ut twa parten, de notysje op himsels en de 'sneltoetscriteria'. Dat binne wolstanskritearia foar lytse bouplannen dy't in soad foarkomme. Mids 2003 is der in begjin makke mei it opstellen fan it nije wolstansbelied. Buro Biigel Hajema ut Ljouwert is opdroegen om in wolstansnota op te stellen. Yn it ramt derfan is ferline jier op 3 novimber in gearkomste mei jimme ried organisearre. Doel fan dy gearkomste wie om troch fotomontaazjes en stellingen jimme miening oangeande de 'swierte' fan de wolstanstoetsing te hifkjen. Yn de nota sels wurdt neier yngien op de utkomsten fan de riedskonferinsje. De utkomsten fan niisneamde gearkomste binne yn in amtlike projektgroep bepraat en yn gearwurking mei Biigel Hajema neier utwurke. It ien en oar hat resultearre yn bygeande wolstansnota. De nota is yn it ramt fan de ynspraakproseduere op besjen lein en der is in harksitting belein. Wy ha gjin ynspraakreaksjes op de nota krigen. Wy stelle jimme no ut om de nota fest te stellen mei de 'sneltoetscriteria' dy't der by hearre.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 33