Arguminten: Kest 12a van de Wenningwet ferplichtet de gemeenteried om in wolstansnota test te stellen om as gemeente noch fierder in wolstanstoetsing utfiere te kinnen. Foar de ynhaldlike taljochting ferwize wy nei de nota sels. Finansjele taljochting: De kosten foar it opstellen fan de wolstansnota binne foar rekken brocht fan it budzjet foar de kwaliteitsferbettering fan de organisaasje. Utfieren ofhanneljen: De feststelde nota sil op besjen lein wurde sadat elkenien der kennis fan nimme kin. Bou- en Wenningtafersjoch en de wolstanskommisje Hus en Hiem sille it dokumint tapasse by de toetsing fan in bouplan. Evaluaasje: Us kolleezje is neffens kest 12c fan de Wenningwet ferplichte om foar de gemeenteried alle jierren in ferslach op te stellen fan de wize werop't sy mei de ferantwurdlikens foar it utoefenjen fan it wolstanstafersjoch omgien binne. Op hokker wize dat plak fynt is yn de wolstansnota omskreaun. Kommisje: Kommisje moanne April Advys /oardiel: De kommisje hat oanjun ynstimme te kinnen mei dit advys Bylagen: 'Welstandsnota Leeuwarderadeel' al tastjoerd mei kommisjestikken Stikken dy 't op besjen lizze: - 'Sneltoetscriteria' Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA DRS. E.J. TER KEURS

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 34