De hear Tuininga (FNP): Dit hat in hiel skoft duorre. De FNP kin der yn meigean. Op side 4 stiet by it earste jier -89.000 euro en yn de kademotysje -76.000. Yn it tredde jier stiet -56.000 en yn de kademotysje -36.000. Floe sit dat? Mefrou Visser (PvdA): De PvdA kijkt er anders tegen aan als GBL. In het verleden heeft men een kans laten liggen. hi een groter verband heeft men gespreide risico's. Men moet ook deskundigen kunnen vertrouwen. Men moet in de toekomst met minder meer doen. Kan met deze samenwerking uit de voeten. De hear Doting (WD): Is wat minder posityf. It antwurd op de fraach oer gearwurking mei Ljouwert wurdt koart ofdien. Hat sels wer ynformaasje sammele. De sosjale tsjinst yn Ljouwert hat in goede namme. Der binne benchmarkundersiken dy't dat understreekje. Men moat besykje wat te fertsjinjen en dy kans hat men hjir lizze litten. Fielt him as riedslid net serieus nommen. In ienfaldige ynkeaprelaasje hie mei Ljouwert mooglik west. De gemeente is ek mear op Ljouwert rjochte. Hy hat gjin goed gefoel oer it foarstel. De hear Tuininga (FNP): Hat de hear Doting sifers meikrige? De hear Doting (WD): Hat wol in yndruk krige. En de undersiken befestigje dat. De friksjekosten hoecht men bygelyks net te beteljen. De hear Ekas (GBL): Het is de moeite van het onderzoeken waard. Mefrou Haites-Miedema (CD A): It CD A dielt de skepsis fan GBL en WD net. Der is fan't maaitiid al serieus oer praat. It kolleezje hat foar Noardwest keazen omdat it oer alle boegen foardieliger is. Men hat hjir gjin sosjale tsjinst en men past kwa skaal en kultuer net sa goed by Ljouwert. Lanlike maatregels jeie de gemeente op hegere kosten en dan moat men wol nei in grutter ferban. Fynt it wol beswierlik dat men in stikje eigen belied ynleverje moat. It komt de kliinten ten goede. De hear Lageweg (GBL): Hat mefrou underfinings mei Ljouwert.dat it der minder is? Mefrou Haites-Miedema (CDA): It is yn Noardwest in goede tsjinst. Kwa kultuer past men ek better by dy tsjinst. De hear Ekas (GBL): Men is wel een plattelandsgemeente, maar men heeft ook binding met de stad. Mefrou Haites-Miedema (CDA): It GBL stelt it finansjele aspekt foarop. De hear Elgersma (GBL): Bestriidt dat. De gearwurking mei Ljouwert is net goed undersocht. De hear Lageweg (GBL): Freget him of wer't de sin 'Een inkooprelatie bij de genoemde dienst is onzes inziens geen optie, omdat de kosten daarvan hoger zullen liggen dan bij volledige aansluiting.' weikomt en hoe't it dan mei de sifers sit. Mefrou Haites-Miedema (CDA): De hear Kingma hat in hiel goed ferhaal halden op de kommisjegearkomste. Men hie it earder oankaarte moatten. Hat nei oanlieding fan it te nimmen beslut noch in fraach. Wurde de bedraggen ut de reserves helle?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 14