De ried krijt de leste nijsbrief oer de boufraude. Der binne 6 represintative saken oandroegen. De rie fan arbitraazje hat noch gjin utspraak dien oer har eigen foech. Dat sil dizze hjerst weze. De hear Dijkstra (FNP): Foar it sintrumplan fan Stiens fan 1998 is noch gjin art. 30 wersjenning kommen. Wat binne de konsekwinsjes fan de utkomsten fan Regres? Wethalder Keizer: Art. 30 wersjennings binne oan in tiid bun, mar der binne gjin sankjes an ferbun. Der is no noch gjin nijs oer de boufraude te melden. De hear Elgersma (GBL): De minikonteners binne ferfongen/oanpast en der is unrest oer untstien. Men tinkt dat der wol mear achter sitte kin. Miskien in diftarsysteem yn de takomst? Om hokker bedraggen giet it en geane dertroch de tariven omheech? Giet it echt net om in diftarsysteem? As dat yn de takomst mooglik al it gefal weze soe, wurdt de ried dan om in miening frege? De GB-fraksje is tsjin op sa'n systeem fanwegen de negative effekten. Flie it net ferstanniger west om de fraksjes earder op de hichte te stellen fan dizze aksje? Wethalder Admiraal: Der is noch gjin sprake fan in diftarsysteem. De nije oanpak bringt gjin taryfferheging mei. Der sit dus neat achter, mar men wit net hoe't it oer 10 jier is. Feroaring jout faak unrest. It is utbestege oan it bedriuw (FryslanMiljeu) en men wit dus net wat de kosten binne. It kolleezje hat de ried net ynformeard omdat men tocht dat der net folle feroare. De hear Elgersma (GBL): Is bliid mei de antwurden. As de ried der mar by belutsen wurdt as der wat feroarje soe. De hear Ketellapper (GBL): Hat in fraach nei oanlieding fan in stikje yn de krante oer in aksje op it gemeentehus nei oanlieding fan it regearbelied. Wie it kolleezje dermei op de hichte? Is skrokken troch de opmerking fan in amtner dat men wol dat men twa kear sa hurd wurkje moat. De foarsitter: Het college is niet verantwoordelijk voor de berichten in de krant. De opmerking van de ambtenaar slaat op het feit dat men voor hetzelfde salaris 40 uur zou moeten werken. Hij is ervan overtuigd dat op het gemeentehuis hard gewerkt wordt. Mefrou Haites-Miedema (CDA): It CDA hat ferline jier in moasje yntsjinne oer in kollektive syktekostefersekering. Minsken mei in minimumynkommen wurde hurd troffen. De wethalder soe op 16 septimber mei in foarstel komme. It CDA hat ek frege nei de bysundere bystan foar de skrinende gefallen. Der wie allinne in memo. De syktekostefersekering kin miskien wierskynlik pas yngien op 1 january 2005. Werom duorret de behanneling fan sa'n fersyk sa lang? Ynwenners binne dupearre. Is it kolleezje har bewust fan de gefolgen foar de belutsen minsken? Giet it no echt fan start en wannear komt de wethalder mei foarstellen foar de skrinende gefallen? Wol yn oerwaging jaan om it maksimale ynkommen foar de 'doelgroep' op 110% fan de bystansnoarm te stellen en by de fermogenstoets in ekstra frijstelling ta te passen fan de oerwearde fan de eigen wenning. Wethalder Admiraal: It hat yndied hiel lang duorre. De mienskiplike tsjinst hie it net maklik omdat men troch fakatueres mei tydlike helpen wurkje moast. De minsken moatte

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 6