begrutting dan is dy 100.000,= Euro net brukt by Welzijn Middelsee en ek net by de
bibleteek.
Om yn GBL-termen te praten, wa hat no minder pine krigen? It kolleezje? Ja, it kolleezje
hat troch de mearderheid fan de ried in dofke jild krigen om dermei troch de simmer te
kommen, in aardich fakansjesintsje. Hoe sil de opstelling fan GBL en it CD A no weze,
mei de wittenskip dat de "de pijn noch steeds niet gelenigd is"? As jo butendoar binne,
dan kinne je konstateaije dat yn dizze tiid fan it jier de bleden losser oan'e beam hingje en
harren omraak omkeare, soe dat meskyn in sein weze oan GBL en it CDA? Soe it ek
mooglik weze kinne dat sy sizze: "Wy binne no ienris de wei ynslein foar ekstra jild ut de
reserve, it doel is net slagge, dus moatte wy nochris in berop dwaan op reservejild". Soks
makket polityk sa ynteressant, is't net sa? Foar de skreaune media is dit ek hiel
nijsgjirrich, wat sille sy dizze kear skriuwe?
Ien en oar sil test te merkbiten weze by de amendeminten oan'e ein fan de begruttings-
behanneling.
Begrutting op underdielen.By de rekapitulaasje fan de begrutting en it ynfestearringsplan
2005-2008 fait op dat der foar:
A. 200.000,= Euro lit de reserves helle wurdt,
B. 115.000,= Euro de ynfestearringslest is,
C. 80.000,= Euro frij beskikber is, dit is ynklusief foardiel septimbersirkulere.
De fraach hjirby is, hoe reeel binne dizze sifers yn hichte en yn tiid?
Moatte de ambysjes fan sawol kolleezje as ried ek noch bysteld wurde?
Foarsitter, as it oan de FNP leit dan is it antwurd: Ja!
Welzijn Middelsee en de bibleteek.
Sjogge wy nei de utkomsten fan de kademotysje, dy't ferwurke binne yn de begrutting,
dan fait op dat de ombugings bij Welzijn Middelsee en de bibleteek 10% op de subsydzjes
binne.
As de utgongspunten yn de subsydzjesystematyk by beide ynstellings gelyk binne, dan
wurde beide ynstellings evenredich en dus rjochtfeardich beleste. De fraach is natuerlik:
"Is dat wol sa". Foarsitter, de utgongspunten binne bij beide net gelyk, en dus kin der net
praat wurde fan ijochtfeardige besunigings. De wurkbegrutting dy't it kolleezje ta syn
beskikking hat, toant yn grutte linen oan:
Welzijn Middelsee: gjin husfestingskosten bibleteek: wol
husfestingskosten
gjin underhaldskosten wol
underhaldskosten
gjin oare kosten wol oare kosten
Troch de ynstellings mei 10% te besunigjen op de subsydzje unstiet der in
ljochtsungelikensens yn de besuniging. Welzijn Middelsee krijt al jierren in unsichtbere
subsydzje fan sa'n 140.000,= oant 150.000,= Euro yn it jier.(de unsichtbere subsydzje fan
husfestings-, underhalds- en oare kosten) Foarsitter, us tinkt dat de foarstelde
besunigingsoperaasje rjochtfeardiger opset wurde moat. Derom komt de FNP mei stipe
fan de PvdA mei 2 amendaminten op de begrutting; ien foar Welzijn Middelsee en ien
foar de bibleteek. (ien en oar is ek noch neffens de letter en de geast fan GBL en it CDA)
Boppedat tsjinnet de FNP mei stipe fan de PvdA in moasje yn om de sifers op sawol
riedsnivo as op kolleezjenivo, oangeande de jilden en jildstreamen ynsichtlik te krijen
wannear de ried te set sil oer de takomst fan Welzijn Middelsee en de bibleteek by de
kaderbesprekkings it kommende foaijier.
10