De hear Doting (WD): Tijdens de begrotingsbehandeling is een motie van het CD A en de WD inzake de herinrichting van het centrum unaniem aangenomen. Men wil graag van het college horen hoe het staat met de particuliere inbreng van 10%. Verder heeft men begrepen dat de gemeente er zorg voor moet dragen dat bij oplevering de infrastractuur en verdere inrichting gereed is. Wanneer dit niet het geval is, zou de gemeente schadeclaims tegemoet kunnen zien. Men wil horen of dit inderdaad het geval is. Wethalder Keizer: Hy hat him offrege wer't de ungerestens weikomt. Alle partijen woenen dat it sintrumplan mei faasje utfierd wurde soe en der is it kollezje mei dwaande. Der is in nije brief fan OVL kommen (ek yn kopy oan de ffaksjes). It kolleezje is mei it OVL yn petear. It gie om de tasizzing fan it bedriuwslibben dat men 160.000 euro op tafel lizze soe. De baatbelesting wie net helber. It kolleezje hat trije ferdielingsfoarstellen foarlein. Op 12 january sil der in foarljochtingsgearkomste weze. It giet dan lykwols oer de ymjochting en de planning en net oer finansjes. Yn de neamde brief stiet, dat men as algemien bestjoer fan OVL posityf foar it plan oer stiet. Men fynt it lykwols net helder genoch en te summier. In eventueel oanbestegingsfoardiel sil mei de bydrage fan de OVL ferrekkene wurde. It giet om in bydrage fan 10%, mei in maksimum fan 160.000 euro. Men hat har beret oer de ynfoarderingsmetodiken. OVL hat gjin inkeld foech om in bydrage fan de leden of te twingen. Net elke undemimmer is lid fan OVL. It bestjoer soe in kar meitsje lit de trije mooglikheden. Men mocht ek in oare metodyk oanjaan. Nei 12 january moat men it deroer iens wurde. De no foarlizzende brief fan OVL stelt teloar. De fragen oangeande de ofruning fan it plein foar it winkelkompleks. Hy kin hjiroer gjin ofspraken weromfine. It kolleezje hat oerlis han mei de bouwer en de projektuntwikkeler. As de winkels klear binne, komt der gjin boutransport mear oan de foarkant. It bouferkear foar de wenningen kin yn juny fanof de achterkant fan it gebou. Neffens de planning sil it yn 2005 offune weze. De hear Ketellapper (GBL): Is tige bliid mei de utlis fan de wethalder. It femuvert him dat dizze saak no spilet. Der binne koartlyn goede ofspraken yn de ried makke. Men moat him der net foar bene om jin troch in pear partijen meisleepje te litten. De hear Doting (WD): Der komme sinjalen binnen en dan wol men wat mear ynformaasje hawwe. Sa wurket men binnen it duale systeem. De hear Ketellapper (GBL): Men moat derfoar oppasse dat men it goed haldt en dat men it rjochte betrouwen haldt. Mefrou Haites-Miedema (CD A): De hear Ketellapper ynsinueart dat it CD A en de WD har foar it karke spanne litte. Dat is absolut net it gefal. De hear Dijkstra (FNP): By de grunoankeap en grunoerdracht nei ferskate bewenners oan de Aijen Roelswei yn Aide Leije, hat it kolleezje it yn earste ynstansje oer in priis fan 35 euro de kante meter. Yn twadde ynstansje is it kolleezje sakke nei 30 euro de kante meter. Hoe kin soks en mei hokker foech? Wethalder Keizer: Der is gjin sprake fan oerhoekjes. Men wol de lintbebouwing lans de wei ferffaaie. Om te foarkommen dat der hjir en der in hap utnommen wurdt, hat men in strook grun oankeapje kinnen. Guon woenen net de priis fan 35 euro betelje. Der wie yn de eksploitaasje noch wol wat romte en koe men mei de priis sakje. It liket dat de lesten oer de streek binne. Soe der no leaver no net mear oer sizze wolle.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 7